Andesgrûndowen (Metriopelia) foarmje in fûgelskaai út de famylje dowen (Columbidae). De soarten fan it skaai libje yn drûge, hege berchgebieten fan 'e Andes fan noardlik Kolombia oant súdlik Argentynje. By trije fan 'e fjouwer soarten is der by it each in oranje neaken gebiet. It binne lytse dokes dy't ôfhinklik fan 'e soarte tusken 17,5 oant 23,5 sm lang wurde.

Andesgrûndowen binne dokes, dy't sied fan 'e grûn sykje en harren nêst op 'e grûn of tichteby de grûn yn strûken bouwe. Se fleane allinnich op koarte ôfstannen.

Soarten It skaai bestiet út fjouwer soarten.

Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Status * / trend * 120px Brûnswjukgrûndo Metriopelia aymara net bedrigestabylMetriopelia aymara op Birdlife. 120px Brildoke Metriopelia ceciliae net bedrigestabylMetriopelia ceciliae op Birdlife. 120px Swartwjukgrûndo Metriopelia melanoptera net bedrigestabylMetriopelia melanoptera op Birdlife. 120px Moreno's grûndo Metriopelia morenoi net bedrigestabylMetriopelia morenoi op Birdlife.

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Dofûgel