De karmozynkopkardinaal (Piranga rubriceps) is in fûgelsoarte yn 'e kardinaalfûgels (Cardinalidae) fan it skaai Piranga's.

Beskriuwing De fûgel hat in opfallend fearrekleed, giel mei in ierbeireade kop en donkere wjukken mei giele rânen op 'e fearren. It reade fan it mantsje it útwrydsker as by it wyfke. Syn sang bestiet út koarte útbarstings fan dúdlike, hege toanen, dy't ferrassend fier oer de berchhellingen klinke.

Fersprieding De fûgel komt foar yn 'e Andes fan Kolombia en noardeastlik Perû (Huánuco). De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat hy net yn ûndersoarten ferdield is.

Taksonomy It skaai Piranga waard earder yn 'e famylje tangarefûgels (Thraupidae) set, mar DNA-stúdzjes hawwe oantoand dat it eins kardinaalfûgels binne, nau besibbe oan 'e typesoarte fan 'e famylje, de reade kardinaal.

Hâlden en dragen De karmozynkardinaal is in seldsume fûgel fan dizewâlden op hichten fan 1.310 en 3.520 m. Faak libbet de fûgel yn pearkes, lytse groepkes of mingde groepen, meastentiids yn 'e hege beamlagen.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar oannommen wurdt dat de soarte yn oantal ôfnimt. De ôfname is lykwols net bot genôch om de soarte as bedrige te beskôgjen en dêrfandinne klassifisearret de IUCN de fûgel as net bedrige (LC).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Piranga Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Perû