Paus Urbanus VII, bêrne as Giambattista Catagna (Rome, 4 augustus 1521 - Rome, 27 septimber 1590) wie de 229ste paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Syn pontifikaat duorre 13 dagen, fan 15 septimber oant 27 septimber 1590.

Yn 1553 waard er aartsbiskop fan Rossano en yn 1583 folge syn beneaming ta kardinaal. Paus Urbanus VII ferstoar lykwols twa wiken nei syn ferkiezing oan malaria, it pontifikaat fan Urbanus VII is de koartste yn de skiednis fan it pausdom oant no ta.

Nettsjinsteande dat hat er al it earste bekende smookferbod yn publike romten op syn namme stean. Hy drige elkenien te ekskommunisearjen dy't itsij yn'e pyldergong, itsij yn tsjerke, tabak brûkte; dat jilde foar sawol pyptabak, prûmtabak as foar snúftabak.

Kategory:Paus Kategory:Italjaansk biskop Kategory:Italjaansk kardinaal Kategory:Persoan berne yn 1521 Kategory:Persoan stoarn yn 1590