Paus Bonifatius VI (Rome – Rome, april 896) wie de 112e paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Hy waard nei de oproer nei de dea fan paus Formosus keazen as nije paus syn pontifikaat duorre om en de by 16 dagen.
As geastlike wie er oant twa kear ta út it amt set fanwegen ymmoreel gedrach: as ûnderdeken en as preester. Der bestean mear ferzjes, wêrom't syn pontifikaat mar in pear dagen duorre.
Trochdat Bonifatius VI al sa betiid nei syn ferkiezing stoar, heart syn pausskip ta de koartste trije pontifikaten yn de skiednis fan it pausdom.
Hoewol't syn namme foarkomt op de list fan pausen, waard de beneaming fan Bonifatius VI yn 898 ûnjildich ferklearre troch paus Jehannes IX ûnder in troch him beleine synoade te Rome.
Kategory:Paus Kategory:Roomsk-katolyk preester Kategory:Italjaansk kristlik preester Kategory:Persoan stoarn yn 896