Paus Teodoarus II (Rome, 840 – dêre, desimber 897) wie de 115e paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Syn pontifikaat duorre 20 dagen.

Hy rehabilitearre paus Formosus troch syn ferrjochte dieden en wijdingen te erkennen. Fierder liet er it lichem fan Formosus út it grêf helje dêr't it begroeven wie nei't it yn Tiber smiten wie. It lichem waard opnij begroeven yn de Sint-Pitersbasilyk.

Trochdat Teodoarus II al sa betiid nei syn ferkiezing stoar, heart syn pausskip ta de koartste fiif pontifikaten yn de skiednis fan it pausdom.

Kategory:Paus Kategory:Italjaansk kristlik geastlike Kategory:Persoan stoarn yn 897