Paus Selestinus IV bêrne as Goffredo Castiglione (Milaan – Rome, 10 novimber 1241) wie de 179ste paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Syn pontifikaat duorre 17 dagen.
Selestinus IV wie de earste paus dy't yn in konklaaf keazen waard. Hy wie in omkesizzer fan paus Urbanus III. Hy die senator Matteo Rosso Orsini fanwegen syn wangedrach yn de ban. Dy hie tsien kardinalen opsletten en twongen om in nije paus te kiezen. Ien fan harren ferstoar hjirby en de oaren waarden siik.
Trochdat Selestinus IV al sa betiid nei syn ferkiezing stoar, heart syn pausskip ta de koartste trije pontifikaten yn de skiednis fan it pausdom.
Kategory:Paus Kategory:Italjaansk kardinaal Kategory:Lombardysk persoan Kategory:Persoan stoarn yn 1241