De grûnspjochten (wittenskiplike namme: Colaptes) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e spjochteftigen (Piciformes), de famylje fan 'e spjochten (Picidae), de ûnderfamylje fan 'e echte spjochten (Picinae) en de tûke fan 'e gewoane spjochten (Picini). Ta dit skaai hearre 14 libbene soarten út 'e Nije Wrâld mei dêropta ien dy't útstoarn is.

Taksonomy It skaai fan 'e grûnspjochten waard yn 1825 yntrodusearre troch de Ierske ornitolooch Nicholas Aylward Vigors. Dyselde murk de gouden grûnspjocht (Colaptes auratus) oan foar de typesoarte. De wittenskiplike namme Colaptes komt fan it Aldgrykske κολάπτης (kolaptes), dat "beitelder" betsjut. Binnen de tûke fan 'e gewoane spjochten (Picini) hearre de grûnspjochten ta in klade fan fiif nau besibbe skaaien dêr't fierders ek de iiktimmerspjochten (Dryocopus), de lytse griene spjochten (Piculus), de ruotspjochten (Mulleripicus) en de Súdamerikaanske toefspjochten (Celeus) diel fan útmeitsje.

Skaaimerken Grûnspjochten hawwe oer it algemien in brune of griene rêch en wjukken en in bêzjekleurige oant giele, swart bespikkele bealch. De wjukken hawwe swarte spikkels dy't yn horizontale rjochting ferlinge binne, sadat se wol wat wei hawwe fan koarte streekjes. Dizze fûgels hawwe ornaris fel kleure markearrings op 'e kop. De namme 'grûnspjochten' is in ferwizing nei it feit dat se harren fretten foar in grut part op 'e grûn byinoar fandelje.

Soarten

skaai grûnspjochten (Colaptes) Andesgrûnspjocht (Colaptes rupicola) Bermudagrûnspjocht (Colaptes oceanicus) † brûnswjukspjocht (Colaptes aeruginosus) fjildgrûnspjocht (Colaptes campestris) gouden grûnspjocht (Colaptes auratus) grienbângrûnspjocht (Colaptes melanochloros) griiskrúnspjocht (Colaptes auricularis) Gûatemalteekske grûnspjocht (Colaptes mexicanoides) Kalifornyske grûnspjocht (Colaptes chrysoides) Kubaanske grûnspjocht (Colaptes fernandinae) oliifrêchspjocht (Colaptes rubiginosus) readmantelspjocht (Colaptes rivolii) Sileenske grûnspjocht (Colaptes pitius) spikkelboarstgrûnspjocht (Colaptes punctigula) swartnekgrûnspjocht (Colaptes atricollis)

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Spjocht