Paus Benediktus V, (Rome - Hamburg, 4 july 965) wie de 131ste paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Syn pontifikaat duorre 33 dagen, fan 22 maaie oant 23 juny 964.
Benediktus V wie de opfolger fan Jehannes XII, hy waard keazen troch de Romeinen. Keizer Otto 1 karde syn oanstelling as nije paus lykwols net goed. Hy waard nei in moanne ferfongen troch Leo VIII.
Nei syn ôfsetting waard Benediktus V nei Dútslân brocht troch de keizer. Dizze pleatste him dêr ûnder de soarch fan Adeldag, aartsbiskop fan Hamburg-Bremen. Hy ferstoar op 4 july 965 en waard begroeven yn de katedraal fan Hamburg. Yn 988 waarden de resten troch keizer Otto III nei Rome ferpleatst, hoewol't de lokaasje ûnbekend is.
Kategory:Paus Kategory:Italjaansk kardinaal Kategory:Persoan stoarn yn 965