Lage Mierde (Brabânsk: Léégu Mierd) is in doarp yn 'e gemeente Reusel-De Mierden yn 'e provinsje Noard-Brabân. It doarp leit yn 'e Kempen en makket diel út fan 'e krite Acht Zaligheden.
Oant de gemeentlike weryndieling fan 1997 foarme Lage Mierde tegearre mei Hooge Mierde en Hulsel de gemeente Hooge en Lage Mierde.
Namme De âldste stavering fan Mierde is Mirta of Myrta, wêrfan de betsjutting ûndúdlik is. Letter kamen ek Mier en Meijerdt foar en Mierde Superior (Hooge Mierde) en Mierde Inferior (Lage Mierde).
Skiednis thumb|left|Sint-Stefanustsjerke. It hjoeddeiske Lage Mierde waard al foar ús jiertelling bewenne. Lage Mierde en it tichteby lizzende Hooge Mierde hawwe in mear of minder mienskiplike skiednis. Al foar 1201 foel it patronaatsrjocht ûnder de Norbertynske Abdij fan Floreffe. Hooge en Lage Mierde foarmen doe ien parochy. Nei't it tsienderjocht fan Mierden yn 1212 út hannen fan Dirk II fan Altena oergie nei de Abdij fan Averbode, ûntstie der in konflikt tusken de twa abdijen.
Yn 1298 kaam it gebiet ûnder ynfloed fan hartoch Jan II fan Brabân. Jan III fan Brabân ferkocht syn besit yn 1331 oan 'e ynwenners fan 'e Mierden. It wie sadwaande in hartochdoarp, en sûnt 1648 in steatsdoarp, sûnder hear.
Yn 1520 waarden de parochy's splits opdield en waard it patronaatsrjocht fan Lage Mierde oerdroegen oan 'e Abdij fan Floreffe. Op 5 maaie 1682 waard it patronaatsrjocht fan Floreffe oan 'e Abdij fan Postel oerdroegen en dat bleau sa oant 1835, wêrnei't de pastoar troch it bisdom De Bosk beneamd waard.
Sûnt de 18e iuw hie Lage Mierde al in eigen riedskeamer en dêrom wie Lage Mierde ek it bestjoerlike sintrum fan 'e eardere gemeente Hooge en Lage Mierde, ek al wiene beide doarpen altiten hast like grut wat ynwennertal oanbelanget. Oan it doarpsplein steane twa earder gemeentehûzen.
Yn 1898 waard lân noardlik en westlik fan it doarp ferkocht oan 'e libbensfersekeringsmaatskippij De Utrecht, dy't it gebiet ûntwikkele en mei bosk beplante, itjinge resultearre yn it lângoed De Utrecht.
Yn 1903 kamen de Susters fan Schijndel nei Lage Mierde. Se bouden dêr in kleaster en diene goede wurken lykas âldereinsoarch. Yn 'e jierren 1970 kaam it kleaster leech te stean en oan it begjin fan 'e jierren 1980 waard it ôfbrutsen en ferfongen troch it nije soarchsintrum Lindenhof. De kapel bleau lykwols bewarre en wie ûnderdiel fan dat sintrum. Ek de Lindenhof stiet hjoede-de dei leech.
Nei de Twadde Wrâldkriich wie krekt bûten Lage Mierde in opfangkamp foar KNIL-soldaten út Ynje. Hjoed-de-dei leit dêr de gemeentewerf. Ien fan 'e kampgebouwen is werboud yn it Nederlânsk Iepenloftmuseum fan Arnhim.
It besjen wurdich thumb|left|Byld fan in hynder op it doarpsplein. De âldste dielen fan 'e Sint-Stefanustsjerke binne 15e-iuwsk. Nei de reformaasje waard de tsjerke tusken 1648 oant 1803 brûkt troch protestanten; katoliken moasten doe in skuorretsjerke brûke. Foar de tsjerke oer stiet de eardere pastorije fan Lage Mierde. Foar it lêst waard de pastorije yn 2013 troch in pastoar bewenne. De tsjerke is sûnt 2014 net mear as parochytsjerke yn gebrûk. It Vloeieind leit in pear hûndert meter súdlik fan it doarpskern om in trijhoekich stik gien. It wurdt omfieme troch in oantal moaie hûzen en typyske Brabânske gevelpleatsen. It Marijekapeltsje datearret fan 1937 en is yn opdracht fan 'e doetiidske boargemaster Herculeyns boud nei in pylgertocht nei Lourdes. Op it doarpsplein stiet in brûnzen byld fan it hynder 'Barmond' út 1986 fan Harry Storms. It âlde gemeentehûs út 1929 oan it Doarpsplein 13 is te werkennen oan it gemeentewapen fan 'e eardere gemeente Hooge en Lage Mierde. It Hûs "De 7 linden" oan it Doarpsplein 11 hat moaie linebeammen en oanbuorjende huzen.
Natoer thumb|left|De Reusel by Lage Mierde. Lage Mierde leit op in hichte tusken de rivieren de Raamloop en de Reusel, dy't noardlik fan it doarp gearrinne op it lângoed Wellenseind, dat grinzget oan it lângoed de Utrecht. Westlik fan it doarp leit mei in pear dobben de Wellenseindse Heide. De Mispeleindse Heide , in natuergebiet benoarden Lage Mierde, is ek ûnderdiel fan it Landgoed de Utrecht.
De grûn fuort om it doarp is fral agrarysk.
Kategory:Plak yn Noard-Brabân Kategory:Reusel-De Mierden