De Sint-Stefanustsjerke is in earder roomsk tsjerkegebou yn it Noard-Brabânske doarp Lage Mierde.

Skiednis It âldste diel fan 'e tsjerke is de yn 'e Kempyske gotyk boude toer út likernôch 1400. De oarspronklike sealtsjerke waard yn 1485 ta in trijeskippige tsjerke ferboud, wêrfan't it hjoeddeiske skip en sydskippen ûnderdiel binne.

Nei de reformaasje waard de tsjerke fan 1648 oant 1803 brûkt troch de protestanten en moasten katoliken in skuorretsjerke brûke. Yn 'e Frânske tiid folge de weromjefte en is de tsjerke ferskate kearen restaurearre.

Oant 1909 hie de toer in leeech piramidetek. Yn dat jier krige de toer in nije, 8 m hege spits. It dwersskip en it koer waard yn 1912 neffens in ûntwerp fan Jacobus van Gils boud yn neogoatyske styl.

By de tsjerke stiet in grêfkrús út 1628. De tsjerke besit in doopfont út de 14e iuw.

Ferkeap Nei de fúzje fan ferskillende parochy's waard de tsjerke ferkocht oan in partikulier. By spesjale gelegenheden wurde de klokken lykwols noch let.Brabânsk Deiblêd, 25 juny 2024. De liuwen dy't hjoed-de-dei by de tagong steane hearre oarspronklik net by de tsjerke.

Kategory:Tsjerkegebou yn Noard-Brabân Kategory:Bouwurk út 1912 Kategory:Bouwurk út de 15e iuw Kategory:Bouwurk út 1912 Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou