It Peerke Donderspark is in prosesjepark yn 'e Brabânske stêd Tilburch. De namme wurdt ek brûkt foar it hiele kompleks om it werboude bertehûs fan Peerke Donders. Dêrûnder falt in kapel, monumint, in krúswei en in museum.
Eftergrûn thumb|left|180px|Peerke Donders. Petrus Norbertus Donders of Peerke Donders (1809-1887) wie in Nederlânske misjonaris. Hy waard as soan fan in ienfâldige wever yn Heikant berne, in buorskip yn Noard-Tilburch. Nei't er yn 1841 ta pryster wijd wie, ferfear er nei Suriname. Dêr wie Donders ynearsten kapelaan yn Paramaribo en sûnt 1856 pastoar yn 'e melaatsekoloanje fan Batavia, in eardere kakaoplantaazje. Nei't er him by de redemtoristen oansletten hie, makke Donders sûnt 1867 missyreizen nei de ynlannen fan Suriname. Yn 1882 waard er nei Paramaribo roppen en dêrnei nei de missypost Mary's Hope yn Coronie stjoerd. Yn 1885 wurke er wer yn Batavia, dêr't er yn 1887 ferstoar. Yn 1900 waard syn lichem begroeven yn 'e Sint-Petrus- en Paulustsjerke yn Paramaribo. Yn 1913 ferklearre paus Pius X Donders earbiedweardich. Dat wie it begjin fan it proses fan hillichferklearring.
Nei de dea fan Donders kochten de redemptoristen it lân op en om it eardere berteplak fan Donders. It plak luts pylgers oan en der wie in put, werfan't minsken tochten dat it mirakuleus wetter hie. Yn 1923 waard in moarmeren tinkstien op it plak set dêr't it bertehûs fan Donders stien hie. Yn dat jier waard njonken it plak fan it eardere bertehûs ek in op 'e Surinaamske arsjitkeuer ynspirearre kapel ynwijd. Dy kapel waard oan 'e Hillige Trije-ienheid wijd, om't Peerke Donders doe noch net sillich ferklearre wie en dêrfandinne de kapel ek net nei him wijd wurde koe. Dêromhinne waard in paviljoen mei in krúswei oanlein, dy't fan it grutseminaarje fan Hoeven oernommen waard.
Yn 'e jieren 1930-1931 waard it bertehûs fan Peerke Donders rekonstruearre. Sawol it hûs as it ynterieur jout in goed byld fan 'e earmoedige omstannichheden fan 'e wevers út dy tiid.
Yn 'e buert fan 'e kapel en it bertehûs waard yn 1933 it Peerke Donders Monumint oprjochte, makke troch de Roermondske byldhouwer Karel Lücker. Trije jier letter krige it Tilburchske keunstatelier "Sint Lucas" fan P. Verbraak & Zonen út Tilburch de opdracht om in nije krúswei te meitsjen, wêrfan't de libbensgrutte staasjes troch parochy's of famyljes skonken waarden. thumb|left|Museum fan Neisteleafde. Fanwegen oanhâldend fandalisme waard yn 1980 it park mei in smei-izeren poarte ôfsletten, dy't ôfkomstich wie fan in Tilburchske tekstylfabryk. Sûnt 1982 wie der sintraal yn it park in heal-iepenloftkapel. Dy kapel is ôfbrutsen om plak te meitsjen foar it yn 2009 iepene Museum foar Neisteleafde, oant 2014 ûnder it behear fan Stadsmuseum Tilburg, letter fan 'e Stifting Petrus Donders Tilburch.
Beskriuwing It park bestiet út in beplanting fan line- en kastanjebeammen en ferskate sierstrûken mei in sânpaad om in gersfjild hinne, dêr't de krúsweistaasjes oan 'e bûtenste râne grinzgje. De fjirtjin stasjons besteane út byldegroepen fan libbensgrutte figueren op in semintbasis. Foar de bylden ha Tilburchske ynwenners model stien.
Kategory:Park yn Tilburch Kategory:Kristlik beafeartsplak Kategory:Ryksmonumint yn Noard-Brabân Kategory:Museum yn Noard-Brabân