De fjoerkrúntangare (Tanagra Parzudakii) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).

Beskriuwing De fûgel is in lytse tangare mei in helder oranjeread gesicht dat op 'e krún en nekke yn giel oergiet. Karakteristyk is it swarte masker, de swarte rêch, de opaalgriene ûnderkant, it swarte plak op 'e skouder en it gielbrune ûnderbúkje. Eastlike fûgels binne reader yn it gesicht, dy fan it westen binne mear oranje.

Fersprieding It skaai wurdt ferdield yn trije ûndersoarten: thumb|left|Tanager parzudakii lunigera. de parzudakii-groep Tanager parzudakii parzudakii - komt yn 'e Andes fan Kolombia oant súdwestlik Fenezuëla foar, eastlik Ekwador en eastlik Perû. Tanager parzudakii urubambae - komt yn súdeastlik Perû (Cordillera Urubamba yn Cusco) foar. Tanager parzudakii lunigera - komt op 'e Andeshellingen oan 'e Stille Oseaan fan Kolombia en westlik Ekwador foar.

Sûnt 2016 hawwe Birdlife International en de IUCN de lunigera as in aparte soarte erkend.

De fjoerkrúntangare wurdt yn 'e bercheftige gebieten op hichten tusken 1200 en 2500 meter oantroffen. Se libje yn it beamtegriem fan bosken, oan boskrânen of iepen plakken.

Hâlden en dragen De fûgel libbet yn pearkes of yn lytse kloften mei oare soarten. Se komme ek by foertafels om iten op te skarreljen.

Status De IUCN beöardielet de status fan 'e ûndersoarten resp. soarten apart. Beide wurde net as bedrige beskôge, mar oannommen wurdt dat sawol de parzudakii as de lunigera troch habitatferlies yn oantallen ôfnimme .

Namme De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel is ta eare fan 'e Frânsman Charles Parzudaki (1806-1889), in hanneler yn natuerhistoaryske eksimplaren.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte tangare Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Perû