De goudboarsttangare (Tangara schrankii) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
Beskriuwing thumb|left|Groepke goudboarsttangaren. De goudboarstangare is in lytse griene tangare mei in swart eachmasker en in giele búk. De skaaien binne lyk oan inoar.
Fersprieding De soarte wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:
Tangara schrankii schrankii - komt foar fan súdeastlik Kolombia oant noardlik Bolivia en it westlik Amazônegebiet yn Brazylje. Tangara schrankii venezuelana - komt foar yn tropysk súdlik Fenezuëla (súdlik Bolívar en it eastlik Amazônegebiet dêr).
De goudboarsttangare is ien fan 'e meast foarkommende tangaren yn reinwâlden oant in hichte fan 1.930 m. De fûgel libbet sawol yn 'e hegere dielen fan beammen as yn 'e ûndergroei en is faak mei migrearjende keppels te sjen fan mingde soarten.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat de oantallen ôfnimme, mar net sa bot dat de fûgel bedrige wurdt. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte as net bedrige (LC) op 'e Reade list.
Namme De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel ferwiist nei Franz von Paula Schrank (1747-1835), in Dútske teolooch, botanikus, entomolooch en samler fan eksimplaren.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte tangare Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Perû