De blauburdtangare (Tangara johannae) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
Beskriuwing De fûgel is foar it meast smaragdgrien en hat swart op it gesicht en de kiel, dat omfieme is mei smelle blauwe bannen dy't de soarte syn namme jouwe. De soarte liket op 'e smaragdtangare, mar is te ûnderskieden troch de karakteristike markearings op 'e kop.
Fersprieding De fûgel komt foar yn 'e leechlannen fan 'e Stille Oseaan fan westlik Kolombia en noardwestlik Ekwador. De blauburdtangare wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling is yn ûndersoarten.
De blauburdtanager is in seldsume fûgel, dy't yn leechlânreinwâlden oant 800 m libbet. Se libje meast yn 'e middelste en boppeste lagen fan it bosk, faak yn migrearjende mingde soartekeppels.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Der wurdt oannommen dat de populaasje tebekrint, mar net bot genôch om as bedrige te beskôgjen. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte as net bedrige (LC, 2023).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte tangare Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia