Les mots et les choses. Une archéologie des sciences humaines (Frânsk: "Wurden en dingen. In argeology fan 'e minsklike wittenskippen") is in essay fan Michel Foucault op it mêd fan politike teory, ideeëskiednis en ferhannelingsteory. It boek waard yn 1966 útjûn by Gallimard yn Parys.

Ynhâld It boek begjint mei in yngeande analyze fan it skilderij "Las Meninas" fan Diego Velázquez, yn it bysûnder de wize wêrop dit skilderij him as gefolch fan perspektyf ferhâldt ta de sjogger. Dêrnei wurdt de wittenskipskiednis fan de Renêssânse oant de 19e iuw ûndersocht, dêr't Foucault benammen krityk hat by de tydlike en romtlike beheiningen op tinkpatroanen dy’t de ferskate gebieten fan de wittenskip dominearje, yn it bysûnder de taksonomy. Dêrtroch ûntstiet in ôfstân tusken wittenskip en werklikheid. Omstannichheden dy't bepale hoe't ferhannelings fierd wurde, feroarje yn de rin fan de tiid.

Wurdearring It boek hie in in prote ynfloed yn de desennia nei't it útkaam wie. Les mots et les choses waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.

Kategory:Literêr wurk fan Michel Foucault Kategory:Essay Kategory:Frânsktalich non-fiksjewurk Kategory:Non-fiksjewurk út 1966