De beryltangare (Tangara nigroviridis) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).

Beskriuwing thumb|left|Fûgel yn it natuerreservaat El Contento, Kolombia.

De soarte is in lytse tangare fan 13 sm lang. Syn fearren binne foar in grut part turkoais, alhoewol't der oer it grutste part fan it bealchje sprake is fan in skobbich patroan mei swart. It boarst en it búkje binne fral swart. De wjukfearren binne swart mei turkoais oant blauwe rânen.

Fersprieding De soarte komt yn 'e tropyske en subtropyske fochtige bosken fan 380 oant 3.340 m yn Bolivia, Kolombia, Ekwador, Perû en Fenezuëla foar en wurdt yn fjouwer ûndersoarten ferdield:

Tangara nigroviridis nigroviridis: eastlike hellingen fan 'e Andes fan Kolombia en eastlik Ekwador. Tangara nigroviridis (cyanescens of consobrina): Andes fan Kolombia oant noardlik Fenezuëla en West-Ekwador. Tangara nigroviridis lozanoana: bergen fan Fenezuëla (Táchira, Mérida, Zulia en Lara). Tangara nigroviridis berlepschi'': Andes fan eastlik Perû oant noardwestlik Bolivia (La Paz en Cochabamba).

Status De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (LC, 2024) op 'e Reade list. Oannommen wurdt dat de populaasje tebekrint.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte tangare Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Perû