thumb|Print mei de titel Westerse geestelijke bedreigd door inheemse stam. (1700) Jacob(us) Harrewijn (Amsterdam, doopt 15 septimber 1660 - beïerdige op 10 juny 1727 yn Brussel) wie in keunstskilder, tekener en yn't foarste plak graveur.
Hy troude yn 1682 yn Amsterdam, mar waard yn 1688 lid fan it Antwerpse gilde. Hy troude fannijs yn 1689 yn Deurne en wurke fan 1695 oant 1714 yn Brussel.
Hy makke de measte fan de 32 portretten dy't de twadielige Mémoires pour servir à l' Histoire de France (1719) yllustrearje. Hy levere teffens nije printen foar de werútjefte fan Antonius Sanderus syn Chorographia sacra Brabantiae yn 1726-27. Neffens guon boarnen wurke er fan 1727 oant 1732 fierder yn De Haach, wat net strykt mei syn stjerdatum út oare boarnen. Jacobus Harrewijn by de RKD
Galery
Keppeling om utens Jacobus Harrewijn, RKD
Kategory:Nederlânsk graveur Kategory:Súdnederlânsk graveur (foar 1830) Kategory:Súdnederlânsk keunstskilder (foar 1830) Kategory:Súdnederlânsk tekener (foar 1830) Kategory:Súdnederlânsk persoan fan Noardnederlânsk komôf (foar 1830) Kategory:Persoan berne yn 1660 Kategory:Persoan stoarn yn 1727