Le Rivage des Syrtes (Frânsk, betsjutting likernôch: "De kust fan Syrtes") is in roman út 1951 fan de Frânske skriuwer Julien Gracq. It wie de tredde publisearre roman fan de skriuwer; der is lykwols gjin útjefte yn it Frysk fan.
Ynhâld De plot ferbyldet it fiktive foarstendom Orsenna, wat al 300 jier yn oarloch west hat mei it lân Farghestan. Yn dy oarloch wurdt al tsientallen jierren net mear fochten, mar frede is der ek net yn sletten. De haadpersoan fan de roman is in man dy't op de grins mei Farghestan stasjonearre is en dy't syn nocht hat fan de ympasse.
Wurdearring Le Rivage des Syrtes waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.
Kategory:Literêr wurk fan Julien Gracq Kategory:Frânsktalige roman Kategory:Roman út 1951 Kategory:Literatuer oer in fiktyf lân