De marpoema (wittenskiplike namme: Puma lacustris) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en it skaai fan 'e poema's (Puma). Dit bist libbe fan likernôch 4,8–1,8 miljoen jier lyn yn Noard-Amearika. __TOC__ Taksonomy De marpoema waard foar it earst yn 1933 wittenskiplik beskreaun troch de paleöntolooch C. Lewis Gazin op basis fan in fragmint fan 'e rjochterkant fan 'e ûnderkaak mei in hoektosk en kiezzen der noch yn. Dat wie opdobbe yn it Nasjonaal Monumint Hagerman Fossil Beds yn 'e Amerikaanske steat Idaho. Op basis fan dit holotype (earst fûne fossyl) gie Gazin derfan út dat de nije kateftige in lytsere sibbe fan 'e poema (Puma concolor) wie. Hy joech it bist dêrom de wittenskiplike namme Puma lacustris of "marpoema". Oft de ûnderstelde relaasje mei de poema kloppet, is noch net alhiel wis. Ferskate paleöntologen hawwe ynstee in bân foarsteld mei it skaai fan 'e lynksen (Lynx).
Fersprieding en datearring Fossilen fan 'e marpoema binne behalven yn Idaho ek oantroffen yn 'e Amerikaanske steaten Washington, Kalifornje, Arizona en Teksas en op it Kalifornysk Skiereilân yn Meksiko. De marpoema libbe yn it geologysk tiidrek fan it Blankyn, fan 'e ein fan it Plioseen oant en mei it begjin fan it Pleistoseen.
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Poema Kategory:Bist útstoarn yn it Pleistoseen Kategory:Fossyl sûchdier Kategory:Fossyl yn de Feriene Steaten Kategory:Fossyl yn Meksiko