De opaalstúttangare (Tangara velia) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
Beskriuwing De soarte wurdt 12 oant 14 sm lang en 18 oant 23 gram swier. Oer it generaal oerhearskje de blauwe kleurtoanen yn it oansjen fan 'e fûgels. Guon dielen fan it lichem binne oars fan kleur: de boppekant fan it kopje, de nekke, de rêch en de kielbân binne swart, de búk is readbrún en de stút is gielgrien. Beide skaaien ferskille skraachwurk yn kleur fan inoar; de wyfkes binne krekt wat bleker.
Fersprieding thumb|left|Fûgeltsjes fan 'e ûndersoarte Tangara velia cyanomelas yn Bahia, Brazylje. Njonken de nominaatfoarm Tangara velia velia dy't yn 'e heechlannen fan Guyana foarkomt, binne der noch trije oare ûndersoarten bekend:
Tangara velia iridina: yn eastlik Kolombia, Ekwador, Perû en Fenezuëla, yn noardlik Bolivia en yn 'e Braziliaanske steaten Amazonas, Rio Grande do Norte en Mato Grosso. Tangara velia signata: yn 'e Brazyljaanske steat Pará. Tangara velia cyanomelas: in isolearre populaasje oan 'e eastkust fan Brazylje fan Pernambuco oant Rio de Janeiro.
Hâlden en dragen De fûgels ite benammen fruit en wat minder ek lidpoatigen. Fruchten wurde meastentiids mei de kop nei ûnder iten. Se foerazjearje fakentiden yn 'e beamtoppen. Opaalstúttangaren libje yn pearkes of lytse kloften, somtiden yn selskip mei oare tangaresoarten.
Status De opaalstúttangare is net seldsum yn beskerme gebieten en nasjonale parken en wurdt dêrom troch de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer (IUCN) as net bedrige (LC) klassifisearre op 'e Reade list. Yn it gefal fan 'e ûndersoarte Tangara velia cyanomelas is der lykwols ferlies fan habitat.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte tangare Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname