De sayacatangare (Thraupis sayaca) is in fûgelsoarte yn it skaai blauwe tangaren (Thraupis) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).

Beskriuwing thumb|left|Foerazjearende fûgels. De Sayacatangare is in grutte tangare mei in relatyf sterke snaffel. It fearrekleed is blaugriis en de wjukken binne blauwer. De soarte liket op de azuerskoudertangare, mar is kleurleazer yn 'e fearren en hat ek net de blauwe skouder en it donkere plak foar it each.

Fersprieding Der wurde trije ûndersoarten erkend:

Thraupis sayaca boliviana: noardlik Bolivia. Thraupis sayaca obscura: fan sintraal en súdlik Bolivia oant westlik Argentynje. Thraupis sayaca sayaca: eastlik en súdlik Brazylje, Paraguay, noardeastlik Argentynje en Oerûguay.

Sayacatangaranen wurde waarnommen oan boskrannen, lânbougebieten, stedsparken en tunen.

Status Hoe grut de populaasje is, is net bekend. De populaasje wurdt as stabyl beskôge. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (LC, 2024) op 'e Reade list.

Namme Sayaca komt fan it wurd Saí-acú yn 'e Tupí-taal, itjinge ferwiist nei it tige warbere karakter fan 'e fûgel en foar ferskillende soarten tangaren brûkt wurdt.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Blauwe tangare Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay