De Marije-eilannen (Spaansk: Islas Marías) binne in groep eilannen yn 'e Stille Oseaan, dy't by Meksiko hearre. De arsjipel stiet ek wol bekend ûnder de namme 'de Trije Marijen' (Spaansk: Tres Marías). De eilannen lizze likernôch 112 km westlik fan 'e kust fan 'e Meksikaanske steat Nayarit. Bestoerlik hearre de eilannen ek by de dielsteat Nayarit.
Geografy thumb|left|Lânskippen fan it eilân María Madre. María Madre (145,28 km²), ferneamd nei Marije, de mem fan Jezus, is it grutste eilân fan 'e groep. Dêr is ek de measte ynfrastruktuer. Oare eilannen dy't it neamen wurdich binne, binne: María Magdalena (70,44 km², ferneamd nei Marije Magdalena), María Cleofas (19,82 km², ferneamd nei Marije fan Klopas) en San Juanito (9,10 km²). Dêrnjonken binne der noch fiif lytse eilantsjes.
Skiednis De eilannen waarden yn 1905 troch it Meksikaanske regear as in strafkoloanje brûkt. De finzenis hat mear as in iuw bestien en waard yn 2019 sletten. Under it regear fan presidint Andrés Manuel López Obrador waard besletten om de eilannen in ekologyske en edukative funksje te jaan.
De eardere finzeniskoloanje is no in nasjonaal park en kultureel erfgoed. It wurdt ûntwikkele as in plak foar miljeu-edukaasje en natuerbeskerming.
Befolking Hjoed-de-dei wennet der in lytse groep minsken dy't wurkje foar it regear of ynstellings dy't de natuer en de ynfrastruktuer beheare.
Toerisme Toeristen wurdt beheind tastien en ûnder begelieding en strange betingsten kinne de eilannen besocht wurde.
Flora en fauna De eilannen binne ek fan grut belang foar de biodiversiteit. Se hawwe in soad unike plantesoarten en wurde beskerme as biosfearreservaat fan UNESCO. Op 'e eilannen libbet de Marije-eilânske mûs (Peromyscus madrensis), in endemyske wytpoatmûs. Ek is der in lânseigen ûndersoarte fan 'e waskbear, de Marije-eilânske waskbear (Procyon lotor insularis). De Marije-eilânske papegaai (Amazona oratrix tresmariae) is in tige seldsume ûndersoarte fan 'e gielkopamasône. Fierder binne der unike reptilen, lykas slangen, en hazze-eftigen, dy't har oanpast ha oan it libben op 'e eilannen.
Floara en fauna fan 'e Marije-eilannen120px125px120px125px120px130pxSylvilagus graysoniPeromyscus madrensisProcyon lotor insularisCarcharodon carchariasAmazona ochrocephalaIguana iguana120px120px120px135px120px135pxProsopis velutinaEschscholzia californicaCoreopsis giganteaLophocereus marginatusGuaiacum coulteriPachycereus pecten-aboriginum
Kategory:Eilân yn Meksiko Kategory:Eilân yn de Grutte Oseaan