De paradystangare (Tangara chilensis) is in fûgelsoarte út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
Beskriuwing It fearrekleed fan 'e kleurrike fûgel is oan 'e boppekant fluwielswart, oan 'e ûnderkant foar it measte turkoaisblau, wylst de sydkanten fan it kopke en de krún appelgrien binne. De ûnderkant fan 'e rêch is skarlakenread en de stút giel. De ûnderbúk is swart. Mantsjes en wyfkes binne gelyk.
Fersprieding De paradystangare is te ferdielen yn fjouwer ûndersoarten. De ûndersoarten wurde troch de rêchkleur fan inoar ûnderskieden. De nominaatfoarm is ienfâldich fêst te stellen troch de reade rêch. De oare ûndersoarten fariearje fan giel oant oranjegiel. De Tangara chilensis caelicolor wykt ek ôf mei in blauwe kop.
wittenskiplike namme fersprieding rêchkleur Tangara chilensis chilensis (, 1832) Kolombia, Fenezuëla, Guyana, Ekwador, Perû, Bolivia, Brazylje read Tangara chilensis chlorocorys , 1929 Perû giel Tangara chilensis caelicolor (, 1851) Kolombia, Fenezuëla en Brazylje koalsiedgiel Tangara chilensis paradisea (, 1837) Fenezuëla, Guyana, Brazylje gieloranje
Hâlden en dragen De fûgels komme yn subtropyske en tropyske bosken foar yn 'e kroanen fan beammen, oan boskrânen en ite fruchten.
It nêst is komfoarmich en wurdt troch it pearke tegearre boud. It wyfke leit twa aaikes.
Status Der bestiet gjin rûzing fan 'e oantallen fan 'e populaasje. Oannommen wurdt dat dy troch it ferlies fan habitat ôfnimme. De IUCN klassifisearret de soarte lykwols as net bedrige op 'e Reade list.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte tangare Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla