De wytbúktangare (Tangara brasiliensis) is in fûgelsoarte út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
Earder waard de wytbúktangare as in ûndersoarte fan 'e turkoaistangare (Tangara mexicana) beskôge. Yn 2016 waard de fûgel troch BirdLife International as aparte soarte erkend en yn 2023 folge ek it ynfloedrike Ynternasjonaal Ornitologysk Kongres (IOC).
Beskriuiwing Ofhinklik fan it ljocht liket de fûgel donker, mar de kop en it boarst binne foar it meast blau. De fûgel is swart op 'e krún en om 'e snaffel en hat blauwe flanken mei swarte plakjes. De boppedielen binne foar in grut part swart mei blauwe aksinten. De búk is wyt.
Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel leit oan 'e kustkrite fan Brazylje tusken Bahia en Rio de Janeiro. Se libje foar in part yn it Atlantysk Wâld, mar se wurde ek yn jonge bosken en beamrike tunen yn bewenne gebieten oantroffen.
Meastentiids wurde se yn pearkes of yn lytse homogene groepen waarnommen.
Status Hoe grut de wrâldpopulaasje likernôch is, is net bekend, mar de soarte wurdt as frij algemien beskreaun. It oarspronklike habitat fan 'e fûgel is de lêste tiid lytser woarn en dêrfandinne wurdt der oannommen dat de oantallen fan 'e fûgel ek ôfnimme. De fûgel wurdt troch de IUCN as net bedrige klassifisearre (LC, 2024).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte tangare Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje