Lipetsk (Russysk: Липецк) is in stêd yn Ruslân op likernôch 440 kilometer súdlik fan Moskou. De stêd is it bestjoerlik sintrum fan 'e oblast Lipetsk. De stêd leit oan 'e rivier de Voronezj en hat in skiednis dy't weromgiet oant de 13e iuw.
Skiednis Lipetsk waard foar it earst yn 'e 13e iuw yn kroniken neamd. De lokaasje oan 'e rivier wie wichtich foar de ûntwikkeling foar de hannel en ferfier.It plak waard yn 'e 13e en 14e iuw ferskillende kearen plondere en ferneatige troch de Mongoalske ynfallen fan 'e Gouden Heap. thumb|left|Monumint foar Peter de Grutte. Under Peter de Grutte waard Lipetsk op 'e nij stifte en sûnt 1703 waard it in sintrum foar de metaalyndustry troch de oprjochting fan in fabryk yn it ramt fan it plan om in moderne Russyske marine te bouwen. Dat jier wurdt ek as stiftingsjier fan 'e stêd bekôge.
Yn 1805 waard in kueroarde iepene, dy't troch aristokraten en minsken út de hegere klassen besocht waard.
Under de Sovjettiid ûntwikkele de stêd him fierder as yndustrieel sintrum, benammen yn 'e stielsektor.
Tusken 1925 en 1933 wie der yn Lipetsk in geheime Dútsk-Russyske militêre fleanskoalle, dêr't de Dútsers en de Sovjet-Uny gearwurken yn in tiid dat soks ynternasjonaal net tastien wie. It Ferdrach fan Versailles (1919) ferbea Dútslân nammentlik in eigen loftmacht (Luftwaffe) te hawwen, moderne wapens te ûntwikkeljen en militêre piloaten op te lieden. Dêrom sletten de Weimarrepublyk en de Sovjet-Uny yn 1922 yn 1922 in oerienkomst (Ferdrach fan Rapallo, 1922). Oan 'e gearwurking kaam in ein doe't Hitler oan 'e macht kaam.
Ekonomy De ekonomy fan Lipetsk draait foaral om de swiere yndustry. It grutste bedriuw is Novolipetsk Steel (NLMK), ien fan 'e grutste Russyske stielprodusinten. Der is ek gemyske en masineyndustry.
De stêd hat in spoarferbining mei Moskou en oare grutte stêden. Ek is der in regionaal fleanfjild: Lipetsk Airport. Dêrnjonken is der net fier fan Lipetsk Airport ek in militêr fleanfjild.
Toerisme thumb|left|Kristus-Bertekatedraal. Lipetsk is bekend om syn mineraalboarnen en hat in skiednis as kueroarde. Der binne ferskate parken en monuminten. De Kristus-Bertekatedraal (Собор Христа Спасителя) is in 19e-iuwske katedraal fan 'e Russysk-otterdokske tsjerke yn it sintrum fan de stêd.
Musea Regionaal Museum foar Skiednis
Kategory:Plak yn Lipetsk (oblast) Kategory:Plak stifte yn 1703