De palmtangare (Thraupis palmarum) is in fûgelsoarte yn it skaai blauwe tangaren (Thraupis) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
Kenmerken thumb|left|Fûgel yn Brazylje. De fûgel wurdt 19 sm lang en weaget 36 gram en is dêrmei in gruttere tangare. De fearren binne foar it measte griis mei oliifgrien. De wjukken binne foar in part swart en ek de sturt is boppe swart.
Fersprieding De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet yn 'e noardlike helte fan Súd-Amearika.
Der wurde fjouwer ûndersoarten ûnderskieden: T. p. atripennis: fan eastlik Nikaragûa oant noardwestlik Fenezuëla. T. p. violilavata: súdwestlik Kolombia en westlik Ekwador. T. p. melanoptera: it Amasônebekken en Trinidad. T. p. palmarum: eastlik en súdlik Brazylje.
Palmtangaren binne faak by palmbeammen, iepen strûken, tunen en boskrânen te sjen. Meastentiids wurde se yn pearkes of lytse groepen sjoen, somtiden mei oare fûgelsoarten.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige op 'e Reade list (LC, 2018).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Blauwe tangare Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla