De Sint-Teodoarus Stratelatestsjerke oan 'e Beek (Russysk: Церковь Феодора Стратилата на Ручью) is in midsiuwsk tsjerkegebou yn Veliki Novgorod, Ruslân. De tsjerke waard yn 1360 boud en is in foarbyld fan 'e Novgorod-styl yn dat tiidrek. Karakteristyk is ien koepel op in fjouwerkant tsjerkegebou. De tsjerke is wijd oan Teodoarus Stratelates, in yn it otterdokse kristendom fereare militêre hillige. De tsjerke is bekend om syn goed bewarre fresko's, dy't in goed byld jouwe fan 'e religieuze keunst en ikonografy út dy tiid.

De tsjerke is ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Histoaryske monuminten fan Novgorod en omkriten.

Skiednis thumb|left|150px|Fresko's. De tsjerke waard yn 1360 yn opdracht fan 'e boargemaster fan Novgorod boud, Siméon Andrejevitsj. De bou fûn plak oan 'e igge fan it rivierke de Fjodorovski dy't yn 'e Volchov útmûnet. De bou fan 'e tsjerke wie al yn in jier tiid foltôge. Iuwen wie it de parochytsjerke fan 'e buert mei de namme Plotnitski Konets, de wyk fan 'e timmerlju. Nei de oanlis fan 'e sneldyk Moskou-Leningrad waard it rivierke oerkluze.

De tsjerke foarmet no ûnderdiel fan it Steatsmuseum fan Novgorod, mar der wurde regelmjittich tsjinsten fierd.

Trivia De tsjerke stiet op in munt fan 3 rûbel, dy't de Bank fan Ruslân yn 2009 útjoech yn 'e searje "Ruslân yn it Wrâlderfgoed fan UNESCO".

Kategory:Tsjerkegebou yn Veliki Novgorod Kategory:Eastersk-otterdoks tsjerkegebou Kategory:Bouwurk út 1361