De Histoaryske monuminten fan Novgorod en omkriten binne in oantal midsiuwske monuminten yn en om de Russyske stêd Veliki Novgorod. De monuminten binne yn 1992 opnommen yn 'e wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Tusken de 9e en de 15e iuw wie Novgorod ien fan 'e meast wichtige stêden fan it midsiuwske Ruslân. De stêd wie it sintrum fan 'e Republyk Novgorod en lei oan in belangrike hannelsrûte. Sûnt de 12e iuw wie de stêd it foarbyld fan in midsiuwske republyk, wêryn't besluten nommen waarden troch de vetsje, in gearkomste fan 'e stedsbefolking, en in prins keazen waard. De iennige oare Russyske stêd mei in soartegelikense bestjoer wie Pskov.

Novgorod en omkriten wie ien fan 'e pear úthoeken fan Ruslân dy't net troffen waard troch de Mongoalske ynvaazjes, wylst dat yn 'e rest fan Ruslân wol it gefal wie. Yn Novgorod waarden benammen yn 'e 14e iuw in soad nije tsjerken boud, wylst de rest fan Ruslân mei in efterstân yn ûntwikkeling te krijen hie.

Novgorod wie ek de sit fan 'e aartsbiskop en in wichtich kultureel sintrum. De ierste Russyske manuskripten waarden yn 'e 11e iuw yn Novgorod skreaun. De Russyske arsjitektuer fan wite stien en de Russyske skilderkeunst hiene harren woartels yn Novgorod en Pskov. Ien fan 'e meast ferneamde midsiuwske skilders, Teofanus de Gryk, wurke yn Novgorod.

It wrâlderfgoed telt meiïnoar 178 lokaasjes of bouwurken.

Lokaasjelist

folchnû. Ofbyld Beskriuwing Koördinaten 604-001 120px Westlik histoarysk sintrum fan Novgorod en it Kremlyn fan Novgorod 604-002 120px Eastlik histoarysk sintrum fan Novgorod mei it Jaroslavl-hôf en it kleaster fan de Mem Gods fan it Teken. 604-003 120px Zverin-kleaster en omjouwing 604-004 120px Antoniuskleaster 604-005 120px Bertetsjerke op it tsjerkhôf 604-006 120px Ferlossertsjerke op Nereditsa (fan 1198) 604-007 120px Resten fan Ferkundigingstsjerke yn Gorodisjtsje 604-008 120px Peryn-kleaster 604-009 120px Joerjev-kleaster 604-010 120px De tsjerken op Mjachino: Tsjerke fan Sint-Jehannes de Barmhertige en de Ferrizenistsjerke 604-011 120px Petrus en Paulustsjerke

Keppeling om utens Lokaasjes monuminten op 'e side fan UNESCO

Kategory:Wrâlderfgoed yn Ruslân Kategory:Veliki Novgorod