De biskopstangare (Thraupis episcopus) is in fûgelsoarte út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).

Beskriuwing thumb|left|Undersoarte út Kosta Rika mei mear blauwe wjukdekfearren. De blaugrize tangare wurdt likernôch 16 sm lang. De fearren op 'e wjukken en oan 'e sturt ha helderblauwe rânen.

By fûgels fan Meksiko oant it noarden fan Súd-Amearika binne de dekfearren fan 'e wjukken ek skitterend blau, wylst oare ûndersoarten mear of minder kontrastearjende wite wjukdekfearren ha. Juvenilen binne doffer fan kleur.

Fersprieding Biskopstangaren komme fan Meksiko oant Brazylje yn it leechlân fan tropyske gebieten foar.

Undersoarten De biskopstangare wurdt yn 13 ûndersoarten ferdield:

Thraupis episcopus cana – Súdeast Meksiko (San Luis Potosí) oant Noard-Fenezuëla en de Peareleilannen. Thraupis episcopus caesitia – Lâns de Karibyske kust fan West-Panama (Escudo de Veraguas). Thraupis episcopus cumatilis – op Coiba. Thraupis episcopus nesophila – meast eastlik Kolombia oant East-Fenezuëla en Trinidad. Thraupis episcopus berlepschi – Tobago. Thraupis episcopus quaesita – Pasifyske hellingen fan Súdwest Kolombia, West-Ekwador en Noardwest-Perû. Thraupis episcopus leucoptera – Eastlike hellingen fan 'e Andes yn Sintraal-Kolombia. Thraupis episcopus mediana – fan súdeastlik Kolombia oant noardlik Bolivia en noardlik Brazylje. Thraupis episcopus coelestis – tropysk súdeasten fan Kolombia oant Sintraal-Perû en it westlike Amasônegebiet yn Brazylje. Thraupis episcopus episcopus – Guyana en Noard-Brazylje. Thraupis episcopus caerulea – súdeastlik Ekwador en Noard-Perû (súdlik oant Huánuco). Thraupis episcopus major – Sintraal-Perû (Chanchamayo, Ica). Thraupis episcopus urubambae – súdeastlik Perû (Urubamba-delling en it streamgebiet fan 'e Amasône).

De ûndersoarte ehrenreichi wurdt ek faak ûnderskieden en libbet oan 'e rivier Purús yn Noardwest-Brazylje.

Status thumb|left|Thraupis episcopus. De soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet en der wurdt tocht dat de oantallen tanimme. De IUCN klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige (LC, 2021). De hiele populaasje wurdt op likernôch 50 miljoen fûgels rûsd (2016).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Blauwe tangare Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago