De Sangirdwerchiisfûgel (Ceyx sangirensis) is in fûgelsoarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De fûgel waard yn 1898 troch Adolf Bernhard Meyer en Lionel William Wiglesworth as Ceycopsis sangirensis beskreaun.
Fersprieding De soarte is of wie endemysk op 'e Sangireilannen, noardeastlik fan Selebes, dêr't de Selebessee en de Molukske See yninoar oergeane.
Status Fan 'e soarte binne seis eksimplaren bekend. Sûnt de jierren 1870 is de fûgel net mear mei wissens waarnommen.N.J. Collar/R. W. Martin: Sangihe Dwarf Kingfisher Ceyx sangirensis: a distinct and extinct endemic species, 4 maart 2024 Lettere ekspedysjes om de fûgel te finen leveren gjin waarnimmings op. Nei alle gedachten is de soarte útstoarn, mar it is net hielendal ûnmooglik dat der noch earne in lytse restpopulaasje fan maksimaal 250 fûgels (rûzing 2014) is. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de fûgel dêrfandinne as krityk (CR) klassifisearre.
Kategory:Dwerchiisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje