De súdlike sulverdwerchiisfûgel (Ceyx argentatus) is in lyts fûgeltsje yn it skaai dwerchiisfûgels (Ceyx) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing thumb|left|Súdlike sulverdwerchiisfûgel yn Misamis Oriental. De oant 15 sm grutte fûgel is in lyts iisfûgeltsje. De kop, wjukken en sydkanten fan 'e nekke binne swart. Op 'e kop sitte in rige fan sulverwite pjukkels, dy't in wynbrau foarmje. It midden fan 'e rêch, de stút en de boppekant fan 'e ûnderkant fan 'e sturt binne sulvereftich wyt. Ek op 'e wjukken sitte sulverwite pjukkels. De hals, de plakken krekt foar de eagen en efter de earen en it midden fan 'e búk binne wyt, de rest fan 'e búk is donkerblau oant swart .
De snaffel is by in folwoeksen fûgel swart en by in juvenyl swart mei in wyteftige punt. De eagen binne donkerbrún en de poatsjes oranjeread.
Fersprieding De soarte is endemysk op 'e Filipinen en komt foar op 'e eilannen Mindanao, Basilan, Dinagat en Siargao. Se wurdt monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.
Oant net lang lyn waarden de súdlike en de noardlike sulverdwerchiisfûgel (C. flumenicola) as ien en deselde soarte beskôge, de sulveriisfûgel (C. argentatus). Guon behannelje se noch jimmeroan sa. Se ferskille lykwols yn oansjen, formaat en ek genetysk.
It biotoop fan 'e fûgel bestiet út streamkes en fivers mei begroeiïng oan 'e kant. De soarte wurdt oantroffen oant in hichte fan 1000 m en komt it meast foar yn 'e bosken by de soarten Terminalia en Metroxylon sagu, mar wurdt ek wol oantroffen yn jongere en úttinne bosken of kokosnútplantaazjes. De soarte is in stânfûgel.
Status De soarte is in seldsume fûgel en de populaasje wurdt rûsd op mar 2.500 oant 10.000 folwoeksen fûgels. Oannommen wurdt dat de oantallen ofnimme. De IUCN klassifissearret de soarte op 'e Reade list as gefoelich (NT).
Kategory:Dwerchiisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen