De noardlike sulverdwerchiisfûgel (Ceyx flumenicola) is in lyts fûgeltsje yn it skaai dwerchiisfûgels (Ceyx) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De soarte is endemysk op 'e Filipinen en libbet op 'e eilannen Bohol, Leyte en Samar. De soarte waard earder mei de súdlike sulverdwerchiisfûgel as ien soarte behannele. It biotoop bestiet út de tropyske bosken yn it leechlân oan rivieren en streamkes.
Beskriuwing It fûgeltsje is hast hielendal donkerblau, dat ûnder nei it pears oergiet. It hat in krêmkleurige kiel en in krêmkleurich plak efter it wang, in oranje plak efter it noasgat, in wite búk, in sulvereftige blauwe stripe oer de rêch nei de sturt en wyteftige plakjes op 'e kop en de wjuk. De poatsjes binne read.
De soarte wykt fan 'e súdlike sulverdwerchiisfûgel ôf troch de krêmkleurige kiel, wang en búk, dy't by de súdlike sulverdwerchiisfûgel wyt binne. Ek is der ferskil yn formaat. De soarte is monotypysk.
Fersprieding De fûgel libbet yn beboske rivieren en streamkes ûnder de 1000 m boppe seenivo. Hy is ek te finen yn sekundêr bosk of bosk dêr selektyf kapt wurdt en yn begroeiïng oan wetter yn kokosnútplantaazjes.
Status De IUCN hat de fûgel as gefoelich klassifisearre (2022). Neffens in rûzing bestiet de populaasje út 2500 oant 5000 folwoeksen fûgels (2020). De belangrykste bedriging fan 'e soarte foarmet de kap fan bosken, it feroarjend lângebrûk en mynaktiviteiten yn it ferspriedingsgebiet. Fan it oarspronklike bosk op Bohol is noch mar 4% oer.
De hjoeddeiske wetjouwing foar it beskermjen fan rivierbiotopen is swak en is oan fernijing ta.
Kategory:Dwerchiisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen