De Filipynske dwerchiisfûgel (Ceyx melanurus) is in lyts fûgeltsje yn it skaai dwerchiisfûgels (Ceyx) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De soarte is endemysk op 'e Filipinen en waard troch Johann Jakob Kaup yn 1848 wittenskiplik as Alcedo melanura publisearre.

Beskriuwing thumb|left|Filipynske dwerchiisfûgel. De Filipynske dwerchiisfûgel is mei in lingte fan 12 sm de lytste boskdwerchiisfûgel op 'e Filipinen. De soarte is foar in grut part oranje en hat in felreade snaffel, felreade poatsjes, in wite kiel, in wite búk en in wyt plak efter it wang en swarte streken oan 'e sydkanten fan 'e rêch. Op 'e kop en it boarst hat de fûgel rôzepearse fearkes.

Fersprieding Fan 'e soarte binne der trije ferskillende ûndersoarten:

Ceyx melanurus melanurus (Alabat, Catanduanes, Luzon en Polillo; Ceyx melanurus samarensis (Leyte en Samar); Ceyx melanurus mindanensis (Basilan en Mindanao); wurdt ek as selsstannige soarte beskôge.

De ûndersoarten wurde ûnderskieden yn formaat en it hawwen fan in blau plak yn 'e nekke. De nominaatfoarm C. m. melanurus is de lytste ûndersoarte. De C. m. melanurus en de C. m. samarensis ha alle twa in blau plak boppe it wite plak yn 'e nekke, dat by de C. m. mindanensis ûntbrekt.

Hâlden en dragen De Filipynske dwerchiisfûgel libbet solitêr of yn pearkes yn bosk en reinwâld oant in hichte fan likernôch 750 m. Se binne dêr te finen oant in hichte fan fiif meter boppe de grûn. De soarte briedt yn april en maaie. Oer it nêstgedrach is fierder gjin ynformaasje bekend.

Status De IUCN behannelet de fûgel oars en ferdield de soarte yn twa aparte soarten:

De Noard-Filipynske dwerchiisfûgel (melanurus en samarensis) waard oant 2023 as kwetsber op 'e Reade list klassifisearre en yn 2024 oanpast as net bedrige. De Súd-Filipynske dwerchiisfûgel (mindanensis) waard oant 2023 ek as kwetsber klassifisearre op 'e Reade list en is yn 2024 ek as net bedrige oanpast.

Sawol de oantallen fan 'e Noard-Filipynske - as de Súd-Filipynske dwerchiisfûgel rinne licht tebek.

Kategory:Dwerchiisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen