De Mindanaodwerchiisfûgel (Ceyx margarethae) is in lyts fûgeltsje yn it skaai dwerchiisfûgels (Ceyx) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De fûgel komt op 'e Filipinen foar.

De soarte wie earder ien fan it grutte oantal ûndersoarten fan 'e (Ceyx lepidus of Alcedo lepidus). In molekulêre fylogenetyske stúdzje yn 2013 toande oan dat der tusken de measte ûndersoarten grutte ûnderlinge genetyske ferskillen bestienen. Dêrfandinne binne dy ûndersoarten ôfsplitst om der in aparte soarte fan te meitsjen. Dêrûnder foel ek de Mindanaodwerchiisfûgel. Tagelyk krige de Ceyx lepidus de namme Molukske dwerchiisfûgel.

Beskriuwing Mindanaodwerchiisfûgels ha djipblauwe boppedielen mei in helderoranje ûnderbealchje. Tusken de snaffel en it each sit in oranje plak. De fûgel hat in wite kiel en in wyt plak efter it wang, in felreade snaffel en reade poatsjes. De blauwe boppedielen kinne donker of ljochter wêze.

Fersprieding De fûgel is endemysk yn 'e sintrale en súdlike dielen fan 'e Filipinen, om krekt te wêzen Negros, Cebu, Camiguin Sur, Mindanao en in soad oare lytse eilannen. It natuerlike habitat bestiet út tropyske leechlânwâlden.

Gedrach Oannommen wurdt dat de soarte wringeleazen, lytse reptilen en fisk yt en allinne of yn pearkes libbet. Der is net in soad bekend oer it briedgedrach. Yn 2024 waard in nêst op Panay yn in liemen igge observearre. It lechsel bestie út fjouwer aaien en nei 21 dagen fleagen de jonge fûgels út.

Status Der besteane gjin rûzings fan 'e populaasjegrutte. Bosk foarmet in belangryk habitat foar it fûgeltsje en der is sprake fan ferneatiging fan bosk yn syn ferspriedingsgebiet. Dêrom wurdt oannommen dat der sprake is fan in licht tebekrinnen fan 'e grutte fan 'e populaasje. De fûgel wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre (2024).

Kategory:Dwerchiisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen