Suite Française is in Britsk-Frânsk-Belgysk-Amerikaanske romantyske histoaryske oarlochsfilm út 2015 ûnder rezjy fan Saul Dibb, mei yn 'e haadrollen Michelle Williams en Matthias Schoenaerts. De titel betsjut "Frânske Suite"; in suite is in type komposysje fan klassike muzyk. Yn it Ingelsk klinkt de titel as Sweet Française, dat "leave Fransêze" betsjutte soe. De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Irène Némirovsky. It ferhaal giet oer in jonge Frânske frou, dy't ûnder de besetting fan Frankryk oan it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch fereale rekket op 'e Dútske ofsier dy't by har en har skoanmem ynkertiere is. Fan 'e filmkritisy krige Suite Frânçaise oer it algemien positive resinsjes. Yn 'e bioskopen flopte de film lykwols en kaam er net út 'e kosten.

Plot Yn 1940 giet it libben op it Frânske plattelân yn it doarp Bussy gewoan troch wylst fierder nei it noarden ta de Dútske ynfal yn folle gong is. It iennichste dat de doarpsbewenners dêr yn 't earstoan fan merke is de ôfwêzigens fan 'e jongemannen, dy't allegearre oproppen binne foar it Frânske Leger. Sa ek Gaston, de man fan Lucile Angellier, in rike jonge frou út 'e klasse fan grutgrûnbesitters. Hja is dêrtroch yn 'e filla fan 'e Angelliers efterbleaun mei har bazige skoanmem, frou Angellier, en de âldere húshâldster Marthe en de man. Frou Angellier mei har skoandochter net lije en fynt it net nedich om dat feit ûnder stuollen of banken te stekken, dat de sfear yn 'e hûs is net oangenaam. De fysike gefolgen fan 'e oarloch wurde pas merkber foar de ynwenners fan Bussy as de earste flechtlingen út Parys it doarp berikke.

Op in sneintemiddei giet Lucile mei har skoanmem by de pachters lâns om 'e pacht te ynjen, in putsje dêr't se in grouwéligen hekel oan hat. Guon pachters, lykas de famylje Joseph, kinne it jild suver net opbringe, mar frou Angellier is ûnferbidlik, en telt wat der ûntbrekt op by de pacht fan 'e folgjende moanne. Op 'e weromweis komt de auto fan frou Angellier fêst te sitten yn in ferkearsopstopping feroarsake troch in wol suver einleaze stream flechtlingen út it noarden. Wannear't in pear Dútske Junkers Ju 87 "Stuka"-dûkbommesmiters in loftoanfal op 'e warleaze staasje útfiere, ûntkomme Lucile en har skoanmem mar nauwerneed oan 'e dea troch yn 'e langgerzige greide njonken de wei beskûl te sykjen. Lucile rêdt dêrby it libben fan Anna, in jong famke dat mei har mem Leah Parys ûntflechte is. By in letter besyk oan it doarp kriget Lucile in mâle blik tawurpen fan 'e jonge Celine Joseph. It docht bliken dat har skoanmem, sûnder har dêr wat oer te fertellen, de famylje Joseph nei de skuorre fan harren pachtpleats ferhuze hat, wylst se de huzinge foar de dûbele priis ferhiert oan Leah en Anna.

Nei de Frânske kapitulaasje komt Bussy yn beset gebiet te lizzen. It nijs berikt de Angelliers dat Gaston yn in Dútsk kriichsfinzenekamp sit en foarearst net wer thús komme sil. In Dútsk regimint wurdt yn it doarp legere en de soldaten wurde op slach ynkertiere by de ynwenners. De Angelliers krije op dy manear earste luitenant Bruno von Falk oer de flier, in aristokratyske ofsier mei goede manearen, dy't it syn gastfrouwen sa maklik mooglik besiket te meitsjen yn in ûnnoflike sitewaasje. Lucile besiket him te negearjen, mar rekket bekoare troch syn freonlik en kalm hâlden en dragen. Hy blykt in komponist te wêzen, en se foarmje in bân troch syn pianomuzyk, mei't Lucile ek pianospilet.

Underwilens is in oare Dútske luitenant, de sadistyske Kurt Bonnet, ynkertiere yn it pleatslik château, by de boarchgreve fan Montmort, dy't ek de boargemaster fan Bussy is. De waanwize boarchgrevinne fynt soks in mislediging foar minsken fan harren stân en stiet der by har man op oan om der wat oan te dwaan. Dat de boarchgreve set mei in kistke djoere sigaren nei de majoar ta, de Dútske befelfierend ofsier yn Bussy, en bepraat dyselde om it château te frijwarjen fan ynkertiering. Fan gefolgen moat Bonnet ferkasse nei de húshâlding fan in pachter fan 'e boarchgreve: de earme boer Benoît Labarie en dy syn tsjeppe jonge frou Madeleine.

Benoît is ôfkard foar it leger om't er jierren lyn by in motorûngemak syn skonk raar brutsen hat en dêrtroch no noch altyd oer de side giet. Bonnet begjint fuortendaliks de boer te narjen mei syn lichaamlike beheining troch ûnfatsoenlike fragen te stellen dy't Labarie wol beäntwurdzje moat omreden fan 'e macht dy't Bonnet as lid fan it besettingsleger oer him hat. Tagelyk beslút Bonnet dat er Madeleine hawwe wol en begjint er har lestich te fallen. Hy hat gjin idee hoe gefaarlik oft er libbet, want Benoît hat dan wol syn jachtgewear ynlevere doe't de Dútsers dat daliks nei harren oankomst yn Bussy feroarderen, mar hy hie twa jachtgewearen, wêrûnder ien dêr't er nea in fergunning foar oanfrege hie, sadat de Dútsers neat ôfwitte fan it bestean fan it wapen. As Bonnet mei in oare Dútske ofsier te swimmen giet yn in poel, leit Benoît mei syn gewear tusken de reiden en hâldt harren letterlik yn it fizier. As it derop oankomt, doar er it lykwols net oan om te sjitten, fanwegen alle swierrichheden dy't dat net inkeld foar him mar ek foar Madeleine en harren bern opsmite soe.

Lucile en Bruno groeie stadichoan fierder nei-inoar ta, eat dat troch de oare doarpsbewenners net ûnopmurken bliuwt. Lucile har skoanmem hat der frijwat argewaasje fan en feecht har der ferskate kearen de mantel om út, mar it minske kin net de hiele dei efter Lucile oanrinne om te sjen wat se docht. As Benoît Labarie derfan heart, is er lykwols bliid. Hy freget Lucile om Bruno te bepraten wat oan Bonnet te dwaan. Bruno seit dat er dwaan sil wat er kin, mar hy en Bonnet binne fan gelikense rang, dat hy kin de man neat opdrage, en krekt as wannear't in âlder of ûnderwizer him mei narjen op 'e skoalle bemuoit, kin it der ek wolris minder fan wurde. Syn yngripen hat yndie net it winske resultaat: Bonnet set de hakken yn it sân en is skandalisearre dat in Dútsk ofsier it opnimt foar in minderweardich ras as de Frânsen. Hy risselwearret om in formele klacht oer Bruno yn te tsjinjen.

As se in kear in eintsje ôfsnijt troch de pleatslike bosk, trappearret Lucile in pearke dat dêr efter in beam seksuele omgong hat. It binne Celine Joseph en in Dútske soldaat. Se ferriedt har oanwêzigens troch op in tûke stean te gean dy't mei in lûde krak brekt. Wannear't Lucile fuortrint, komt Celine har efternei, mei't se benaud is dat Lucile har yn it doarp bekendmeitsje sil as moffehoer. Lucile hat, fanwegen har eigen gefoelens foar Bruno, eins hielendal (noch) gjin oardiel oer wat Celine docht en wa't se mei omslacht. Mar Celine is benaud en byt raar fan har ôf. Se seit dat Lucile earst mar ris nei harsels sjen moat, want har man Gaston hat al jierren in oerhuorrige relaasje dêr't sels in dochter út berne is, en it hiele doarp wit dat útsein Lucile. As se dat befêstige kriget, is Lucile raar gesteld. Se is djip kwetst troch wat se sjocht as it ferrie fan har man, mar se is poerrazen dat frou Angellier en de oare doarpsbewenners it al dy tiid foar har geheim holden hawwe. It houlik, dat eins troch har heit foar har beävensearre wie doe't him troch de dokters oansein wie dat er net lang mear te libjen hie, is dus dochs net sa perfekt as Lucile miende. Se begjint te beseffen dat se eins mear hold fan it byld dat se fan Gaston hie as fan 'e man sels.

Frou Michaud, in goede bekende fan frou Angellier, dy't foar de Dútske ynfal halje-trawalje nei Súd-Frankryk flechte wie, komt werom yn Bussy. Hja hat in list mei persoanlike besittings dy't yn 'e panyk fan har flecht thús efterlitten binne, mar har filla is no yn gebrûk as in soartemint kazerne foar Dútske soldaten. Dêrom freget se Lucile, dy't ommers sa goed kin mei de Dútske luitenant dy't by de Angelliers ynkertiere is, oft sy ek mei "har" luitenant nei de filla fan 'e Michauds kin om it spul op te heljen. Lucile fielt har frijwat oplitten, mar se docht wat har frege wurdt en set mei Bruno nei de filla ta. Dêr blykt dat de soldaten de boel yn 'e hûs suver ôfbrutsen hawwe. Bruno flokt en skelt harren út en makket dêrmei fluch regaad. Lucile keart werom mei in kroadfol besittings fan 'e Michauds dy't min ofte mear ûnskeind bleaun binne. Dêrfoar moat se lykwols mei Bruno troch it doarp rinne, sadat alle doarpelingen sjogge dat Bruno har in geunst ferlient en wol betinke kinne (miene se) wat sy dêrfoar weromdocht. Sa komt Lucile iepentlik bekend te stean as moffehoer en hellet se har de fijannigens fan har doarpsgenoaten op 'e hals.

Te neare nacht trappearret de boarchgrevinne fan Montmort har pachter Benoît Labarie by it stellen fan in pear fan 'e hinnen fan it château. Dêr hat er ferlet fan om syn wiif en bern itende te hâlden no't oeral krapte oan is. De moeting rint út op in haatlike konfrontaasje, wêrby't Labarie de boarchgrevinne warskôget dat se mar better hoopje kin dat de Dútsers de oarloch winne, want as Frankryk wer frijkomt, sille de minsken mei kollaborateurs lykas har ôfweve. De ûntstelde en poerrazene boarchgrevinne giet nei har man en fertelt him dat Benoît harren hinnen stelt. Har man seit dat er dêr dan wol in reden foar hawwe sil en dat se it mar gewurde litte moatte. De boarchgrevinne seit dat Benoît in yllegaal jachtgewear by him hie, mar har man seit dat it heale departemint sokke wapens ferburgen hâldt, hysels ynbegrepen. Dêrop liicht de boarchgrevinne dat Benoît syn wapen op har rjochte hat en drige hat har dea te sjitten. As er dat heart, set de boarchgreve nei de Dútske majoar ta om in boekje oer Benoît iepen te dwaan.

In Dútske patrûlje giet nei de pleats fan 'e Labaries om Benoît te arrestearjen, mar hy sjocht harren oankommen en giet om syn jachtgewear, dat er ferstoppe hat yn 'e golle, ûnder it hea. Dêr leit it lykwols net mear, om't luitenant Bonnet it fûn hat en him dêr opwachtet. Bonnet hâldt Labarie ûnder skot mei syn pistoal en de boer belies, mar dan oerspilet Bonnet syn hân troch te sizzen dat hy wol om Madeleine tinke sil wylst Benoît yn in Dútske konsintraasjekamp suchtet. Dêrop falt Benoît him oan en de beide mannen wrakselje om it pistoal. Dat giet ôf en de kûgel deadet Bonnet. Ear't de Dútske patrûlje him oppakke kin, ûntsnapt Benoît nei de bosk ta.

No't in Dútsk ofsier deadien is, begjinne de Dútsers yn Bussy in syktocht nei de dieder dêr't alle soldaten foar ynset wurde. De spile freonlikheid ferdwynt en by hûssikings wurdt alles oer de kop helle en rjochtsje de soldaten moedwillich fernielings oan. Op 'e pachtpleats fan 'e famylje Joseph ûntdekke de Dútsers dat Leah, de flechtlinge út Parys, falske papierren hat en dat se eins in Joadinne is. Hja wurdt oppakt en slim tramtearre om te fertellen wêr't har dochterke Anna is, mar se hâldt har stil. Nei't de Dútsers ôfset binne, komt Anna werom, dy't yn 'e bosk oan it boartsjen wie. Celine Joseph, de 'moffehoer', stiet dan foar in dilemma. Se hatet Leah en har dochter om't dy de wente fan 'e Josephs yn 'e huzinge fan 'e pleats oernommen hawwe en se hâldt fan 'e Dútske soldaat dêr't se mei omslacht. Mar by de hûssiking hat se it wiere gesicht fan 'e besetter sjoen. Wol se in jong famke oan sokke lju oerleverje?

De majoar jout de doarpsbewenners it ultimatum dat Benoît binnen 48 oeren fûn of oanjûn wurde moat of himsels oanjaan moat, oars folgje der represailles. It docht bliken dat it regel is dat yn sa'n gefal fiif boargers stânrjochtlik eksekutearre wurde moatte, mar de majoar hat de hân oer it hert strutsen, sa seit er, en hat besletten dat mar ien persoan fusillearre wurde sil. En dat is de boargemaster, dy't ommers ferantwurdlik is foar it dwaan en litten fan syn mienskip. Sa wurdt de boarchgreve fan Montmort oppakt en fêstset yn ôfwachting fan 'e útkomst fan 'e syktocht.