De hillige iisfûgel (Todiramphus sanctus) is in fûgelsoarte yn it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing thumb|left|De fûgel op Heroneilân, Austraalje. De soarte wurdt 19 oant 23 sm grut en likernôch 65 gram swier en hat in foarse swarte snaffel. De búk is fealoranje oant wyt, de rêch is blauwgrien en om 'e nekke sit in wite bân dy't oant ûnder de snaffel trochrint. De wjukken binne oan 'e boppekant folslein blau. Foar it each hat de fûgel in bêzje plakje en ûnder it each rint in donkergriene streek.
Fersprieding De hillige iisfûgel is in iisfûgelsoarte dy't yn mangroves en bosken yn Austraalje en Nij-Seelân foarkomt. Nei it brieden trekt de fûgel nei it noarden nei Yndoneezje, Papoea Nij-Guineä en de Salomonseilannen.
Der wurde fiif ûndersoarten erkend:F. Gill; D. Donsker, (2017). "Rollers, ground rollers & kingfishers". World Bird List Version 7.2. International Ornithologists' Union.
Todiramphus sanctus sanctus: fan Austraalje oant de eastlike Salomonseilanden. Todiramphus sanctus vagans: Nij-Seelân, Lord Howe-eilân en de Kermadeceilannen. Todiramphus sanctus norfolkiensis: Norfolk. Todiramphus sanctus canacorum: Nij-Kaledoanje. Todiramphus sanctus macmillani: Loyaliteitseilannen.
Hâlden en dragen Hillige iisfûgels ite grutte ynsekten, larven, lytse reptilen lykas hagedissen, skaaldieren en somtiden fisk.
Status De soarte hat in grut fersprieidngsgebiet en dêrfandinne is de kâns op útstjerren lyts. Net bekend is hoe grut de populaasjes is, mar oannommen wurdt dat de oantallen tanimme. De hillige iisfûgel wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (LC) klassifisearre.
Kategory:Todysnaffeliisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Norfolk (eilân) Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Lord Howe Kategory:Lânseigen fauna yn de Kermadeceilannen