De ultramaryniisfûgel (Todiramphus leucopygius) is in fûgelsoarte yn it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). It is in monotypyske fûgel, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten fan binne.
Beskriuwing De middelgrutte iisfûgel hat in donker masker, in blauwe kroan en in helder wite nekke en ûnderdielen, in blauwe rêch, blauswarte wjukken, in pearse anaalstreek en in blauwe sturt. It mantsje hat in wite stút. Fersprieding De soarte is endemysk op 'e Salomonseilannen, in eilannegroep yn it westlike diel fan 'e Grutte Oseaan eastlik fan Nij-Guineä, en libbet dêr in primêr en sekundêr bosk oant 2000 m. De fûgel wurdt ek oan boskrânen oantroffen.
Status Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de fûgel as net bedrige klassifisearre.
Kategory:Todysnaffeliisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä