De readrêchiisfûgel (Todiramphus pyrrhopygius) is in fûgelsoarte yn it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De soarte is endemysk yn Austraalje. It is in monotypyske fûgel, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten fan binne.

Beskriuwing thumb|left|Tekening fan John Gerrard Keulemans. De readrêchiisfûgel is in middelgrutte iisfûgel dy't 20 oant 24 sm lang is. De soarte hat in ûneffen griisgriene krún mei fine wite streekjes, in dúdlike swarte eachstreek en in wite kraach. De boppewjukken binne yn 'e flecht folslein blaugrien. De namme fan 'e fûgel ferwiist nei de rustreade rêch.

Fersprieding De soarte libbet yn it grutste part fan Austraalje, ek yn drûgere gebieten en is faak yn hege deade beammen of op elektryske leidingen te sjen. De fûgel ûntbrekt op Tasmaanje.

Hâlden en dragen Readrêchfûgels bouwe de nêsten yn in ierden wâl, igge of daam. In lechsel bestiet út twa oant seis wite, rûne aaikes. De aaien wurde yn 20 oant 23 dagen troch it mantsje en wyfke útbret.

Se ite ynsekten, imerkes, krobben, michammels en rûpen, lytse skaaldieren, tûzenpoaten en skorpioenen. Ek snipt er wol wringedieren, lykas fisk, hagedissen, slangen en út en troch sûchdieren lykas sa grut as mûskes.

Status De fûgel wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre (2024). Oannommen wurdt dat de soarte yn oantal tanimt, om't mei de oanlis fan diken troch de Malleebosken fan it lân mear geskikte nêstplakken ûntsteane.

Kategory:Todysnaffeliisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje