De Palau-iisfûgel (Todiramphus pelewensis) is in fûgelsoarte yn it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). It is in monotypyske soarte, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.
Beskriuwing De Palau-iisfûgel is in lytse iisfûgel mei in poarperblauwe rêch en grienblauwe wjukken. De kroan fan 'e kop is feal oranje en de fûgel hat in swarte eachstreek, dy't oant efter de kop trochrint. De kraach is wyt, lykas ek it boarst en de búk.
Fersprieding De Palau-iisfûgel is endemysk op 'e Palau-eilannen.
It habitat fan 'e fûgel bestiet út mangroves, bosk, plantaazjes en grutte parken.
Status De fûgel wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as gefoelich (NT) klassifisearre (2025). Neffens in rûzing fan 2005 bestiet de populaasje út 2100 oant 3300 folwoeksen fûgels.
Kategory:Todysnaffeliisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Palau