thumb|250px|Ernst Hartert thumb|Grêf fan Ernst Hartert op it Waldfriedhof Dahlemyn Berlyn Ernst Johann Otto Hartert (Hamburch, 29 oktober 1859 – Berlyn, 11 novimber 1933) wie in Dútske ornitolooch.

Biografy Hartert waard berne yn de Frije Hânzestêd Hamburch. Yn july 1891 boaske er oan yllustrator Claudia Bernadine Elisabeth Hartert (1863– Hilfertsom, 1958) yn Frankfurt am Main, Dútslân, by wa't er in soan krige mei de namme Joachim Karl (Charles) Hartert (1893-1916), dy't letter sneuvelde as Ingelske soldaat oan de Somme.

Hartert wie fan 1892 oant 1929 de konservator fûgels fan it soölogysk museum fan Lionel Walter Rothschild yn Tring. Hy wie desenia lan in goefreon fan de diersystematikus Otto Kleinschmidt - nettsjinsteande harren ferskil fan ynsjoch oer it begryp soarte yn de yndieling fan bisten.

Tegearre mei Rothschild publisearre er tusken 1894 en 1929 yn it museumtydskrift Novitates Zoologicae. Hy wie de skriuwer fan Die Vögel der paläarktischen Fauna ('De fûgels fan de palearktyske fauna'). Fierders skreau er mei F.C.R. Jourdain, N.F. Ticehurst (1873-1960) en H. Witherby (1873-1943) de List of British Birds. Fanwege it museum fan Lord Rothschild makke er reizen nei Yndia, Afrika en Súd-Amearika.

Yn 1930 gie Hartert werom nei Berlyn, dêr't yn de âldens fan 74 jier yn 1933 ferstoar.

Publikaasjes (kar-út) Neist de withoefolle artikels yn "Novitates Zoologicae" wie Hartert belutsen by de publikaasje fan de folgjende boeken: 1891: Katalog der Vogelsammlung im Museum der Senckenbergischen Naturforschenden Gesellschaft in Frankfurt am Main 1897: Podargidae, Caprimulgidae und Macropterygidae 1897: Das Tierreich 1900: Trochilidae 1902: Aus den Wanderjahren eines Naturforschers: Reisen und Forschungen in Afrika, Asien und Amerika, nebst daran anknüpfenden, meist ornithologischen Studien 1903: Ueber die Pipriden-Gattung Masius Bp. 1910–1922: Die Vögel der paläarktischen Fauna: Systematische Übersicht der in Europa, Nord-asien und der Mittelmeerregion vorkommenden Vögel. Trije dielen. 1920: Die Vögel Europas

Kategory:Dútsk ornitolooch Kategory:Dútsk publisist Kategory:Persoan berne yn 1859 Kategory:Persoan stoarn yn 1933