De swartrêchdwerchiisfûgel (Ceyx erithaca) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e iisfûgels (Alcedinidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 as Alcedo erithaca troch Carolus Linnaeus publisearre.

Beskriuwing thumb|left|Fûgel yn Abloli, Maharashtra, Yndia. De soarte wurdt ynklusyf snaffel en sturt 12,5 oant 14 sm lang. Wyfkes en mantsjes ha in swart streekje tusken giele plakken op it gesicht, blauwe en wite plakken oan 'e sydkant fan 'e nekke, in reade en lilakleurige kroan en in wite kiel. De boppedielen binne donkerblau en de fûgel hat swarte wjukken. Fan ûnder is de fûgel giel. De rêch en de stút binne rôzeread. De frij foarse snaffel is oranjeread lykas ek de boppekant fan it kopke.

Mantsjes binne wat swierder as wyfkes, mar der is fierder gjin sprake fan seksuele dimorfy.

Fersprieding De soarte komt yn tropysk reinwâld op it Yndyske subkonitint en Súdeast-Aazje foar.

Der wurde twa ûndersoarten ûnderskieden:

C. e. erithaca: fan Noardeast-Yndia oant yn it súdeasten fan Sina en yn Yndosina. Dêrnjonken komt de fûgel yn de West-Ghats foar en op Sry Lanka. C. e. macrocarus: Andamanen en Nikobaren.

It biotoop fan 'e soarte bestiet út skaadrike ûndergroei oan streamkes en fivers yn 'e reinwâlden fan it leechlân.

Gedrach Harren nêsten lizze faak fier fan wetter ôf. Se bliuwe tichteby de grûn en komme faak net heger as 1 of 2 meter fan 'e grûn. De noardlike populaasjes oerwinterje yn 'e súdlike dielen fan it briedgebiet. Se trekke fan augustus oant septimber nei it suden rjochting Malakka en komme yn maart werom nei it noarden. thumb|left|Fûgel mei proai. Se ite fral ynsekten lykas sprinkhanen, miggen, wetterkrobben, mychammels mar ek wjirms, fiskjes, kikkerts en hagedissen. Gruttere proaien wurde werombrocht nei in sitplak, dêr't de fûgel de rêchbonke brekt foardat er him opfret.

Status Swartrêchdwerchiisfûgels ha in grut ferspriedingsgebiet. Der binne gjin rûzings oer de grutte fan 'e populaasje, mar oannommen wurdt dat populaasje troch it ûntboskjen fan geskikt biotoop tebekrint. Tusken 2013 en 2023 is likernôch 15% fan 'e reinwâlden ferneatige. Dêrfandinne stiet de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as gefoelich (NT) - hast bedrige - klassifisearre. Grutste bedriging is de kap fan bosk en oare aktiviteiten lykas it drûchlizzen fan fivers, wetterfersmoarging en obstakels ûnderweis by de trek.

Kategory:Dwerchiisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren