De echte spjochteftigen (wittenskiplike namme: Pici) foarmje in ûnderskift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Mammalia) en it skift fan 'e spjochteftigen (Piciformes). Ta dizze taksonomyske kloft hearre likernôch 394 ûnderskate soarten, ferdield oer sân famyljes, dêr't de spjochten (Picidae) mei 240 soarten fierwei de grutste groep fan útmeitsje. In oare bekende famylje dy't ta de echte spjochteftigen rekkene wurdt, is dy fan 'e toekans (Ramphastidae).
Taksonomy De echte spjochteftigen binne ien fan twa ûnderskiften fan it skift fan 'e spjochteftigen (Piciformes). It oare ûnderskift wurdt foarme troch de burdkoekoeken en glânsfûgels (Galbuli). Lang waard tocht dat dy lêste groep net ta de spjochteftigen, mar ynstee ta de rôldereftigen (Coraciiformes) hearde. Soms wurde de burdkoekoeken en glânsfûgels behannele as in selsstannich skift mei de namme glânsfûgeleftigen (Galbuliformes). Yn dy yndieling binne de echte spjochteftigen oerstallich, om't se dan as it iennichste ûnderskift fan 'e spjochteftigen oerbliuwe. Mar yn 'e ienentweintichste iuw hat genetysk ûndersyk lykwols útwiisd dat de burdkoekoeken en glânsfûgels better teplak binne as in ûnderskift fan 'e spjochteftigen.
Foarhinne waarden de burdfûgels (Capitonidae) as ien inkele famylje beskôge. Neier ûndersyk late yn 1994 lykwols ta de konklúzje dat dy yndieling parafyletysk (en dêrom ûnjildich) wie, om't de toekans nauwer besibbe binne mei in subgroep fan 'e burdfûgels as dat dy subgroep besibbe is oan 'e oare beide subgroepen. Dêrfandinne dat de burdfûgels letter, doe't der in wittenskiplike konsensus oer dizze kwestje ûntstien wie, opdield binne yn trije ûnderskate famyljes: de Afrikaanske burdfûgels (Lybiidae), de Amerikaanske burdfûgels (Capitonidae) en de Aziatyske burdfûgels (Megalaimidae).
Underskiftopbou
ûnderskift echte spjochteftigen (Pici) incertae sedis (yndieling ûnwis) skaai Rupelramphastoides (fossyl) famylje Miopiconidae (fossyl) famylje Picavidae (fossyl) tuskenskift spjochtfûgels (Picides) famylje huningspeurders (Indicatoridae): ±16 soarten famylje spjochten (Picidae): ±240 soarten tuskenskift toekanfûgels (Ramphastides) famylje Afrikaanske burdfûgels (Lybiidae): ±35 soarten famylje Amerikaanske burdfûgels (Capitonidae): ±15 soarten famylje Aziatyske burdfûgels (Megalaimidae): ±43 soarten famylje toekans (Ramphastidae): ±43 soarten famylje toekanburdfûgels (Semnornithidae): 2 soarten
Kategory:Spjochteftige