De Sangirblau-eariisfûgel (Cittura sanghirensis) is ien fan 'e twa fûgelsoarten yn it skaai blau-eariisfûgels (Cittura) fan 'e famylje iisfûgels (Alcedinidae). Foarhinne waard de fûgel as in ûndersoarte fan 'e Selebesblau-eariisfûgel (Cittura cyanotis) beskôge.
Beskriuwing De 28 sm lange fûgel hat in brune kroan, nekke en rêch en in felreade snaffel. Om it lila each hinne hat de fûgel in swart masker mei op 'e rânen dêrfan wite fearkes. Op it wang hat de fûgel in fiolet plak. It kin is wyt, it boarst lila en de búk giel- oant wyteftich. De brune wjukken ha donkerblauwe oant pearse boppedekfearren, dy't somtiden hast swart lykje. De sturt is readbrún.
Fersprieding De fûgel komt op 'e Yndonezyske Sangihe-eilannen noardlik fan Selebes foar. Primêr reinwâld oant in hichte fan 1000 m foarmet it biotoop fan 'e fûgel. De fûgel wurdt ek waarnommen yn sekundêr bosk en yn plantaazjes.
Status De soarte hat in beheind ferspriedingsgebiet en dat makket dat der in kâns op útstjerren bestiet. Der is gjin rûzing oer de grutte fan 'e populaasje. It leefgebiet fan 'e fûgel wurdt bedrige troch feroarjend lângebrûk en de kap fan bosken. Likegoed stiet de soarte as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Blau-eariisfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje