Bora Bora-iisfûgel (Todiramphus tutus) is in fûgelsoarte yn it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing De 22 sm lange soarte hat in wyt gesicht, in wite wynbraustreek, in grieneftich swarte eachstreek en in grienblauwe kroan. Hy hat in wite kraach en de rêch, flanken en de sturt binne grieneftich blau. De kiel, it boarst en de búk binne wyt. De snaffel is boppe swart en ûnder ivoarwyt. It iris is donkerbrún, wylst de poaten swart binne.
It ferspriedingsgebiet fan 'e soarte oerlapet mei de Tahitiaanske iisfûgel (Todiramphus veneratus), mar ferskilt yn 'e wite wynbraustreek en in bleker fearrekleed.
Fersprieding De soarte is endemysk op 'e Cookeilannen en de Genoatskipseilannen yn Frânsk-Polyneezje.
Der wurde trije ûndersoarten erkend:
Todiramphus tutus tutus: Genoatskipseilannen (wêrûnder Bora Bora). Todiramphus tutus atiu: Atiu (Cookeilanden). Todiramphus tutus mauke: Mauke (Cookeilannen).
It habitat fan 'e soarte is it tropysk, fochtich leechlânbosk en tropyske fochtige berchbosken. De soarte hat de foarkar foar primêr bosk yn dellings, mar kin him ek rêde yn sekundêr bosk en âlde plantaazjes.
Hâlden en dragen De fûgel libbet allinne of yn pearkes en yt ynsekten en hagenissen, dy't er yn 'e flecht of op de grûn fangt. De Bora Bora-iisfugel hast syn nêst yn beamholtes.
Status In rûzing fan 2019 hâldt de populaasje op likernôch 2.500 oant 10.000 fûgels (2019). De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list as gefoelich (NT), hast bedrige.
Kategory:Todysnaffeliisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn de Cookeilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Polyneezje