De echte spjochten (wittenskiplike namme: Picinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e spjochteftigen (Piciformes), it ûnderskift fan 'e echte spjochteftigen (Pici), it tuskenskift fan 'e spjochtfûgels (Picides) en de famylje fan 'e spjochten (Picidae). It is, mei likernôch 210 ûnderskate soarten, fierwei de grutste fan 'e fjouwer ûnderfamyljes fan 'e spjochten. Dizze kloft omfettet de fûgels dêr't men oan tinkt as men it wurd "spjochten" heart, yn tsjinstelling ta de oare trije ûnderfamyljes fan spjochten: de draainekken (Jynginae), dwerchspjochten (Picumninae) en ûnechte dwerchspjochten (Sasiinae).
Skaaimerken Sjoch ek: § Skaaimerken yn it artikel Spjochten. Echte spjochten binne middelgrutte fûgels dy't foar it meastepart in arboreaal (beambewenjend) bestean liede. Se steane derom bekend dat se mei de snaffel gatten yn beammen úthakje. Dat dogge se by it foerazjearjen nei ynsekten en larven dy't ûnder de skoars of yn rottich hout sitte, mar ek wannear't se yn 'e peartiid in eigenmakke nêstholte meitsje om har aaien yn út te brieden. Dêrnjonken trommelje se ek mei de snaffel op beamstammen en oare oerflakken om by wize fan kommunikaasje, fral om har territoarium ôf te beakenjen en om pearingspartners oan te lûken.
Utsein de trije soarten trijeteanspjochten (Picoides) hawwe echte spjochten allegearre sygodaktyle poaten, mei twa teannen dy't nei foarren wize en twa teannen dy't nei efteren wize. Dat is in anatomysk ferskynsel by fûgels dat ek foarkomt by de ûle-eftigen (Strigiformes) en de pappegaai-eftigen (Psittaciformes). Yn 'e mande mei de skerpe klauwen oan 'e útein fan 'e teannen en de koarte, krêftige skonken jout dit echte spjochten it fermogen om fertikaal by beamstammen op en del te rinnen en har stevich fêst te hâlden by it foerazjearjen en úthakjen fan nêstholten.
Taksonomy De echte spjochten waarden yn 1838 as taksonomyske ûnderfamylje yntrodusearre troch de Italjaansk-Frânske ornitolooch prins Karel Lusiaan Bonaparte.
De ûnderfamylje is opmakke út 33 skaaien, dy't ferdield binne oer 5 tûken. Dy yndieling hat frijwat wederwarichheden trochmakke. Yn 1975 dielden John Moroney en syn mei-auteurs fan Reference List of the Birds of the World de echte spjochten foar it earst op yn tûken. Sy kamen ta seis tûken: de eksterspjochten (Melanerpini), de spikkelbûnte spjochten en sibben (Campetherini), de grûnspjochten en sibben (Colaptini), de reuzespjochten (Campephilini), de gewoane spjochten (Picini) en de kerfspjochten (Meiglyptini). Dyseldichste yndieling waard yn 1982 ek brûkt troch Lesley Short yn syn gesachhawwende wurk Woodpeckers of the World.
De yntroduksje fan DNA-ûndersyk late oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw lykwols ta in substansjele reorganisaasje fan 'e echte spjochten, wêrby't de eardere tûken as efterhelle ôftanke waarden. Yn 2005 dielden David Webb en William Moore de ûnderfamylje yn trije tûken yn, dy't se de wittenskiplike nammen Megapicini ("reuzespjochten"), Malarpicini ("snaffelspjochten" of "kaakspjochten") en Dendropicini ("beamspjochten") joegen. Dy yndieling waard al rillegau frij algemien akseptearre troch oare ornitologen.
Mar yn 2013 wiisden Edward C. Dickinson en Leslie Christidis de nije nomenklatuer ôf yn harren gesachhawwende wurk The Howard and Moore Complete Checklist of the Birds of the World. Harren argumint wie dat de âlde nammen neffens de regels fan 'e taksonomy foarrang hiene op nij betochte nammen. Dêr hiene se gelyk oan, dat de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU) besleat de Malarpicini, Megapicini en Dendropicini fan Webb en Moore wer om te neamen ta de oarspronklike Pici, Campephilini en Melanerpini. Dickinson en Christidis yntrodusearren ek twa nije tûken foar de Westyndyske dwerchspjochten (Nesoctitini) en de koartsturtspjochten (Hemicircini''). Sadwaande bestiet de ûnderfamylje fan 'e echte spjochten tsjintwurdich wer út 5 tûken, al binne dat net persiis deselden dy't yn 1975 yntrodusearre waarden.
Underfamylje-opbou
ûnderfamylje echte spjochten (Picinae) tûke eksterspjochten (Melanerpini) skaai Afrikaanske griene spjochten (Chloropicus): 3 soarten skaai beamspjochten (Dendropicos): 12 soarten skaai grutte eksterspjochten (Dendrocopos): 12 soarten skaai Yndyske eksterspjochten (Leiopicus): 1 soarte skaai kapespjochten (Yungipicus): 7 soarten skaai Kubaanske griene spjochten (Xiphidiopicus): 1 soarte skaai lytse eksterspjochten (Dryobates): 6 soarten skaai middelgrutte eksterspjochten (Dendrocoptes): 3 soarten skaai read-giele spjochten (Veniliornis): 14 soarten skaai sopspjochten (Sphyrapicus): 4 soarten skaai swartbûnte spjochten (Leuconotopicus): 6 soarten skaai swarte beamkrûpspjochten (Melanerpes): 24 soarten skaai trijeteanspjochten (Picoides): 3 soarten tûke gewoane spjochten (Picini) skaai bamboespjochten (Gecinulus): 3 soarten skaai goudflamspjochten (Chrysophlegma): 3 soarten skaai goudrêchspjochten (Dinopium): 5 soarten skaai griene spjochten (Picus): 14 soarten skaai grûnspjochten (Colaptes): 14 soarten skaai iiktimmerspjochten (Dryocopus): 6 soarten skaai Kaapske grûnspjochten (Geocolaptes): 1 soarte skaai lytse griene spjochten (Piculus): 7 soarten skaai lytse kerfspjochten (Meiglyptes): 4 soarten skaai rodzige spjochten (Micropternus):1 soarte skaai ruotspjochten of roetspjochten (Mulleripicus): 4 soarten skaai spikkelbûnte spjochten (Campethera): 11 soarten skaai Súdamerikaanske toefspjochten (Celeus): 12 soarten skaai termitespjochten (Pardipicus): 2 soarten tûke koartsturtspjochten (Hemicircini) skaai echte koartsturtspjochten (Hemicircus): 2 soarten tûke reuzespjochten (Campephilini) skaai fjoerrêchspjochten (Chrysocolaptes): 9 of 10 soarten skaai ivoarsnaffelspjochten (Campephilus): 12 soarten skaai oranjerêchspjochten (Reinwardtipicus): 1 soarte (faak tafoege oan Chrysocolaptes) skaai readspjochten (Blythipicus): 2 soarten tûke Westyndyske dwerchspjochten (Nesoctitini) skaai echte Westyndyske dwerchspjochten (Nesoctites): 1 soarte
Kategory:Spjocht