De Papoeadwerchiisfûgel (Ceyx solitarius) is ien fan 'e twa fûgelsoarten yn it skaai dwerchiisfûgels (Ceyx) fan 'e famylje iisfûgels (Alcedinidae). It is in monotypyske soarte, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.
Oarspronklik waard de Papoeadwerchiisfûgel as ien fan 'e 15 ûndersoarten fan 'e Molukske dwerchiisfûgel (Ceyx lepidus) beskôge. Ut in molekulêr fylogenetysk ûndersyk fan 2013 die lykwols bliken dat de measte fan dy ûndersoarten genetysk fan inoar ferskille. Dêrom wurde 12 fan 'e ûndersoarten, ynklusyf de Papoeadwergijsvogel, no as aparte soarte behannele.
Beskriuwing thumb|left|Ceyx solitarius It 12 sm lange iisfûgeltsje is djipblau fan boppe en leger op 'e rêch en de stút ljochter blau. Op it blau fan 'e kop en de boppeste wjukdekfearren sitte rûne ljochtere blauwe plakjes. De kiel is wyt, tusken de snaffel en it each sit in ljochtbêzje plak en de fûgel hat ek in wyt earplak. De búk en it boarst binne goudgiel. De snaffel is swart en de poaten binne oranjegiel. It wyfke is wat doffer fan kleur, mar dat is skraachwurk te sjen.
De soarte komt lokaal foar mei de azueriisfûgel en de gewoane iisfûgel, mar dy binne grutter en de boppedielen binne effen blau. De Papoeadwerchiisfûgel is ek lytser, hat oars as de azueriisfûgel gjin blau op it boarst en is net bûn oan it wetter.
Fersprieding De soarte komt op hast hiel Nij-Guineä, de Arû-eilannen en de D'Entrecasteaux-eilannen foar yn tichte tropyske bosken fan it leechlân en heuvellân oant 1200 m boppe seenivo. De soarte is minder oan wetter bûn as oare soarte lytse iisfûgels.
Status De Papoeadwerchiisfûgel hat in grut ferspriedingsgebiet, mar syn biotoop wurdt oantaaste troch houtkap en feroarjend lângebrûk. De oantallen fan 'e fûgel rinne dúdlik tebek. Dochs wurdt de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN noch klassifisearre as net bedrige (2024).
Kategory:Dwerchiisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä