De Selebesblau-eariisfûgel (Cittura cyanotis) is ien fan 'e twa fûgelsoarten fan it skaai blau-eariisfûgels (Cittura) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Beskriuwing De fûgel wurdt trochstrings 28 sm lang. Se binne foar in grut part ljochtbrún en ha in opfallende reade snaffel, in donker eachmasker mei ljochte plakjes op 'e bopperâne, donkere wjukken en in rustbrune sturt. Donkere dielen binne djipblau, al lykje se bytiden swart. Juvenilen binne doffer en bruner mei brune rân oan guon fearren op 'e wjukken.

Wyfkes ha deselde tekening as mantsjes, mar se ûnderskiede har troch it swarte eachmasker en de swarte slachpinnen. De snaffel en de poaten binne by beide skaaien read.

Fersprieding De soarte is endemysk op it Yndonezyske eilân Selebes. De fûgels libje yn bosken fan it leechlân en heuvels yn 'e skaadrike ûndergroei oant in hichte fan 1.000 m.

Undersoarten De soarte wurdt meast as monotypysk behannele, mar guon ferdiele de soarte yn twa ûndersoarten:

Cittura cyanotis cyanotis, yn it noarden fan Selebes. Cittura cyanotis modesta, yn it midden en súdeasten fan Selebes.

Iten De fûgels ite wjirms en wringeleaze dieren en ynsekten. Oer it briedgedrach fan 'e fûgel is net in soad bekend.

Status De soarte wurdt as net bedrige troch de IUCN op 'e Reade list klassifisearre (2024). Se ha in relatyf grut ferspriedingsgebiet, mar de oantallen rinne troch biotoopferneating en feroarjend lângebrûk dúdlik tebek.

Kategory:Blau-eariisfûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje