De spjochtfûgels (wittenskiplike namme: Picides) foarmje in tuskenskift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Mammalia), it skift fan 'e spjochteftigen (Piciformes) en it ûnderskift fan 'e echte spjochteftigen. Ta dizze taksonomyske kloft hearre likernôch 256 ûnderskate soarten, ferdield oer twa famyljes. De spjochten (Picidae) binne mei 240 soarten fierwei de grutste fan dy beide famyljes.

Taksonomy It tuskenskift fan 'e spjochtfûgels bestiet út mar twa famyljes: de huningspeurders (Indicatoridae) en de spjochten (Picidae). Foarhinne waard tocht dat de huningspeurders it naust besibbe wiene mei de Afrikaanske burdfûgels (Lybiidae), om't harren manear fan fleanen en harren sang sterk opinoar lykje (en folle minder op dy fan 'e spjochten). Mar yn 2004 wiisde genetysk ûndersyk út dat de spjochten en de huningspeurders susterkloften binne.

Fersprieding Nettsjinsteande it feit dat it ûnderskift fan 'e spjochtfûgels mar út twa famyljes bestiet, is it in tige wiidfersprate groep. Dat komt benammen troch de spjochten (Picidae), dêr't likernôch 240 soarten fan binne dy't op al wrâlds kontininten foarkomme, útsein Austraalje en Antarktika.

Underskiftopbou

tuskenskift spjochtfûgels (Picides) famylje huningspeurders (Indicatoridae): ±16 soarten famylje spjochten (Picidae): ±240 soarten

Kategory:Spjochteftige