De readbúkkûkaburra (Dacelo gaudichaud) is ien fan 'e fiif fûgelsoarten fan it skaai kûkaburra's (Dacelo) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing thumb|left|170px|Dacelo gaudichaud. De readbúkkûkaburra wurdt likernôch 28 sm lang en is ien fan 'e lytste soarten yn it skaai. De kop fan 'e fûgel is swart mei in wite eachstreek en ûnder de swarte kop in wite kraach. It boarst en de búk binne readbrún. De mantel is swart mei blauwe dekfearren op 'e wjukken en in blauwe stút. Mantsjes ha in blauwe sturt, wyfke in brúnreade sturt.
Fersprieding en libbensgebiet De readbúkkûkaburra komt op Nij-Guineä en oanbuorjende eilannen foar. It libbensgebiet bestiet út tropysk bosk yn leech- en heuvellân oant in hichte fan 600 m boppe seenivo. Yn 'e ûndergroei siket er nei hagedissen en ynsekten.
Status De soarte stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre (2024). Meidat de lêste tiid in lyts part fan it biotoop ferneatige is, wurdt oannommen dat de oantallen stadichoan ôfnimme.
Namme De wittenskiplike namme is ferneamd nei de Frânske natoerûndersiker Charles Gaudichaud-Beaupré (1789-1854).
Kategory:Kûkaburra Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje