De blauwjukkûkaburra (Dacelo leachii) is ien fan 'e fiif fûgelsoarten fan it skaai kûkaburra's (Dacelo) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De fûgel komt yn Austraalje en op Nij-Guineä foar en is yn syn hâlden en dragen minder opfallend as de gewoane kûkaburra. De witterskiplike namme ferwiist nei de Britske soölooch William Elford Leach.

Beskriuwing thumb|left|Wyfke. De oant 40,5 - 44 sm grutte fûgel hat lykas de kûkaburra in lange, foarse snaffel. It ferskil mei de gewoane kûkaburra is de koptekening, dy't op 'e kroan en boppe it each in streekjespatroan hat. De iris is wyt en de stút ljochtblau. De dekfearren fan 'e brune wjukken binne blau. By in mantsje is de sturt donkerblau en by it wyfke readbrún mei donkere bannen (lykas ek by de gewoane kûkaburra).

Fersprieding Blauwjukkûkaburra's libje yn in brede stripe fan it noardwesten fan Austraalje oant it noarden fan Queensland. Fierder komme se foar yn it suden fan Nij-Guineä fan Mimika (yn 'e Yndonezyske provinsje Papoea oant it savannebiet by Port Moresby yn Papoea Nij-Guineä. It biotoop bestiet út tropysk en subtropysk bosk, savanne's en út en troch ek yn agrarysk gebiet. De fûgel hâldt him skûl yn it grien, is skou foar minsken en ek net by bebouwing te sjen.

De soarte is te ferdielen yn fiif ûndersoarten:

Dacelo leachii superflua: súdwestik Nij-Guineä. Dacelo leachii intermedia: it súdlike diel fan Sintraal en Súdeast-Nij-Guineä. Dacelo leachii cervina: Melville-eilân. Dacelo leachii occidentalis: it westlike part fan Sintraal-Austraalje. Dacelo leachii leachii: it eastlike part fan Austraalje.

Status De fûgel is yn 'e kearn fan it ferspriedingsgebiet relatyf algemien en der binne gjin oanliedingen om te tinken dat de soarte yn oantallen efterút giet. Dêrfandinne wurdt de soarte troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre.

Kategory:Kûkaburra Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä